Waarpraatsje: Mylde snein

oktober 12, 2019 18:52

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It bleau in flink part fan de sneon drûch, mar letter op ‘e dei reinde it dochs wer. Snein bliuwt it ek net drûch.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein is de loft berûn en reint it sa út en troch. De eastewyn is swak, by de kust lâns matich. Yn ‘e rin fan ‘e nacht giet de wyn nei it suden oant súdeasten en hellet wat oan. It wurdt in graad as 11.

Snein wikselje wat sinne en bewolking inoar ôf. Der falle ek inkelde buien, miskien wol mei tonger. Geandewei de dei rekket de loft hielendal berûn. De matige wyn giet nei it suden oant súdwesten. By de kust lâns is de wyn frij krêftich oant krêftich. Mei in temperatuer om de 17 graden hinne is it oan de mylde kant.

Moandei wurdt op ‘e nij in ritige dei.

Jan Brinksma

oktober 12, 2019 18:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.