Waarpraatsje: Freed rein en kâld

oktober 3, 2019 18:55

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei net in hiel minne dei. Der foelen wol wat buien, mar der wie ek flink wat sinne. Freed sjocht der minder goed út.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed rekket de loft berûn en yn ‘e rin fan ‘e nacht set it op in reinen. De wyn is swak oant matich en komt út rjochtingen tusken it westen en súdwesten. Letter giet de wyn nei it suden oant súdeasten en wurdt matich, by de kust lâns somtiden frij krêftich. It wurdt 8 graden.

Freed kin it earst noch reine, mar yn ‘e middei binne der ek opklearringen. By in matige eastewyn wurdt it net folle waarmer as 11 graden.

Sneon bliuwt it, nei alle gedachten, drûch.

Jan Brinksma

oktober 3, 2019 18:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.