Waarpraatsje: Buien

oktober 1, 2019 17:56

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It foel tiisdei mei de rein en buien yn Fryslân wol wat ta, mar jûn, fannacht en moarn falle der wol wer buien.

Tiisdeitejûn en yn ‘e nacht nei woansdei ta falle der inkelde buien of reint it sa út en troch. Der is ek kâns op wat opklearringen. De wyn komt út it noarden en is swak oant matich. By de kust lâns stiet mear wyn. It wurdt 8 graden.

Woansdei wikselje sinne en inkelde buien inoar ôf. Yn ‘e middei falle der wat mear buien, miskien wol mei tonger. De matige oant frij krêftige wyn giet nei it noardwesten. By de kust lâns is de wyn krêftich, bytiden hurd. Mei in graad as 13 en in flink stik wyn is it in kâlde dei.

De oare dagen fan ‘e wike bliuwt it ritich en fris.

Jan Brinksma

oktober 1, 2019 17:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.