Waarpraatsje: Buien

oktober 8, 2019 19:00

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei noch in kreaze dei. Yn ‘e jûn, fannacht en woansdei falle der buien.

Healwei tiisdeitejûn binne der flinke buien, miskien wol mei tonger en (swiere) wynstjitten. Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei wikselje opklearringen en bewolking inoar ôf. Der kin ek noch in inkelde bui falle. De wyn komt út it súdwesten en is matich. By de kust lâns stiet een frij krêftige oant krêftige westewyn. It wurdt 9 graden.

Woansdei is de loft berûn, mar wat sinne is ek net hielendal útsletten. Geandewei de dei falle der op ‘e nij inkelde buien. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 13 graden hinne.

Tongersdei en freed binne ek ritich mei net in soad sinne.

Jan Brinksma

oktober 8, 2019 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.