Waarpraatsje: Better waar kommendewei

oktober 21, 2019 11:25

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in net al te min wykein en in ferreinde moandeitemoarn wurdt it no stadichoan wat better waar.

Moandeitemiddei wurdt it drûch, al is in buike noch net hielendal útsletten. De matige wyn giet nei it súdwesten en it wurdt net folle waarmer as 12 graden. Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei binne der, nei alle gedachten, wat opklearringen. Op guon plakken soe wat damp ûntstean kinne. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it 8 graden.

Tiisdei is it skier, mar miskien sjogge wy de sinne ek noch wol efkes. It bliuwt drûch. De súdwestewyn is swak oant matich en de temperatuer leit om de 13 graden hinne.

Woansdei feroaret der net folle oan it waar.

Jan Brinksma

 

oktober 21, 2019 11:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.