Waadeilannen opnij yn list Lonely Planet

oktober 26, 2019 10:37

It renommearre Lonely Planet hat ôfrûne wike de top 10 Best in Travel 2020 bekendmakke. Wrâldwiid stiet Nederlân op nûmer sân mei in earfolle beneaming foar Unesco Wrâlderfgoed de Waadsee en de Waadeilannen. In besite oan de Waadeilannen mei minsken perfoarst net oerslaan, neffens Lonely Planet. “Foar de folsleine ûnderfining, begjint men by eb oan in begelate waadrintocht oer de boaiem fan de see”, seit Lonely Planet.

Flylân (foto: Marcel van Kammen)

Lonely Planet sjocht neist de bestimming, nei trends en wat der yn it kommende jier te dwaan is. It seit dêroer: “Yn it jier dat Nederlân yn it teken stiet fan 75 jier frijheid sûnt de ein fan de Twadde Wrâldoarloch, is Nederlân klear om dat te fieren mei eveneminten yn it hiele lân.” Njonken Amsterdam, Keningsdei, Befrijingsdei en it Eurofyzje Sjongfestival wurdt oanret om bysûnderheden bûten de stêden te ferkennen, lykas Unesco Wrâlderfgoed de Waadsee, en de rykdom oan natuer dy’t Nederlân te bieden hat te ûntdekken.

Visit Wadden en 75 jier frijheid
Fan Visit Wadden út wurdt ek omtinken jûn oan it lanlik jiertema fan it Nederlânsk Buro foar Toerisme ’75 jier frijheid’. Der wurdt ûnder mear promoasje makke foar de Atlantikwallrûte by de Waadkust del en op de eilannen. Visit Wadden is in gearwurking tusken Merk Fryslân, Marketing Grinslân en Holland Boven Amsterdam. It promoatsjen fan duorsum toerisme mei wurdearring foar it behâld en de beskerming fan de natuer en dêrby ek it Wrâlderfgoed stiet foarop.

Ferline jier belâne Fryslân al op nûmer 3 fan Lonely Planet’s ‘Best in Europe’, de heechste notearring ea. National Geographic fûn Fryslân yn 2018 in nûmer-20-notearring wurdich. De New York Times folge yn 2019 mei in nûmer-30-notearring foar de Frisian Waddensea Islands.

oktober 26, 2019 10:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.