Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019

oktober 21, 2019 09:04

Ofbylding: Provinsje Fryslân

Op sneon 16 novimber krijt Aggie van der Meer de Gysbert Japicxpriis foar har folsleine wurk, út hannen fan deputearre Sietske Poepjes. Jo wurde fan herte útnûge om de priisútrikking by te wenjen yn de Martinitsjerke yn Boalsert. De priisútrikking begjint om 15:00 oere. Ynrin fan 14:15 oere ôf. Nei ôfrin is der yn hotel De Wijnberg gelegenheid om de priiswinner te lokwinskjen.

Graach foar 1 novimber by de Provinsje Fryslân trochjaan oft jo komme wolle en mei hoefolle persoanen. Dat kinne jo trochjaan oan Yldau Visser (j.y.visser@fryslan.frl / 058 292 5244).

De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste priis foar Fryske literatuer. De priis wurdt sûnt 1947 om de twa jier útrikt troch Deputearre Steaten fan Fryslân, ôfwikseljend foar proaza en poëzy. In ûnôfhinklike advyskommisje, dit jier besteande út Atte Jongstra, Houkje Rijpstra en Grytsje Schaaf, hat Deputearre Steaten advisearre.

oktober 21, 2019 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.