Undersyk gefolgen stop sâltwinning Easterbierrum

oktober 4, 2019 08:55

De bestjoerskommisje Frjentsjerteradiel-Harns ûndersiket hokker gefolgen it ophâlden mei de sâltwinning súdlik fan Easterbierrum hat foar de gebietsûntwikkeling yn it boaiemdelgonggebiet Noardwest-Fryslân. Dat kin nei ferwachting ein 2019 dúdlik wêze. Frisia Zout BV makke dizze wike bekend dat de sâltwinning by Easterbierrum stopset is.

Foto: pixabay.com

De bestjoerskommisje fiert maatregels út om de gefolgen fan boaiemdelgong troch gas- en sâltwinning te kompensearjen. Bygelyks troch mear wetterberging te meitsjen (troch it breder meitsjen fan fearten en sleatten) of brêgen heger te meitsjen. Foarsitter Hepke Bijma: “It sluten fan de sâltwinput is in tsjinslach foar Frisia. Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) ynformearre ús dat de sluting benammen te krijen hat mei technyske problemen by de put. De sluting hat wierskynlik ek gefolgen foar de boaiemdelgong. It liket derop dat de boaiem by dizze sâltwinput no minder sakje sil as earst tocht waard. De bestjoerskommisje freget dat nei by SodM en ûndersiket wat de gefolgen fan de sluting binne foar útfierde en noch út te fieren maatregels. De bestjoerskommisje stimt dat ôf mei de provinsje Fryslân.”

Grûnstofwinner Frisia Sâlt makke yn 2013 ôfspraken mei oerheden en belange-organisaasjes oer maatregels ta kompensaasje fan de boaiemdelgong. Dat is dien op basis fan de ferwachte eindelgong yn 2021. Neffens de fergunning mei dy delgong op syn meast tritich sintimeter wêze. Súdlik fan Easterbierrum is dy op dit stuit 22 sintimeter. Omdat de sâltwinning út twa putten yn dat gebiet stopset is, is it mooglik dat de boaiem dêr net fierder sakket as 22 sintimeter.

Frisia wint noch wol sâlt by de put yn Tsjummearum. Dêr wurdt de produksje minder, omdat de boaiemdelgong dêr al hast it maksimum fan tritich sintimeter berikt hat. Frisia ûndersiket noch oft út dy put mear wûn wurde kin.

Gearwurking
De bestjoerskommisje Frjentsjerteradiel-Harns bestiet út fertsjintwurdigers fan Wetterskip Fryslân, gemeenten Waadhoeke en Harns, doarpsbelangen en lânbou- en natuerorganisaasjes. De kommisje wurket sûnt 2014 yn opdracht fan de provinsje Fryslân oan de útfiering fan de gebietsûntwikkeling. Maatregels soargje foar it ferhelpen fan skea troch boaiemdelgong. Fierder steane yn it plan maatregels foar it ferbetterjen fan de lânbou, wetterbehearsking (ûnder oare klimaatferoaring), rekreaasje, natuer en leefberens.

oktober 4, 2019 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.