Twalûk ‘Uit elkaar’ mei Frans en Silvia Bromet
Resint ferskynd
Yn it twalûk Uit elkaar stean pearen nei in lang houlik tegearre op in kearpunt yn harren libben. By ien fan beiden is in foarm fan demintens konstatearre dêr’t it tegearre wêzen yngripend troch feroaret. In slûpend proses dêr’t de iene geastlik en fysyk by efterút giet en de oare neist partner mantelsoarger wurdt.
Uit elkaar is in yntym en oandwaanlik portret fan ferskillende pearen dy’t sa goed en kwea as it giet omgean mei de ûntwrichtsjende sykte dy’t harren troffen hat. Hja besykje leafdefol mei te bewegen mei it sykteproses fan harren partner. Stadichoan sjogge se dat se ferlet krije fan mear help. As mantelsoarger wurde se opslokt troch hieltyd swierder wurdende tawijing en de fraach hoe no fierder. De sykte twingt harren net allinnich om ôfskied te nimmen fan in dierbere, mar ek fan in dield libben.
Dokumintêremakkers Frans en Silvia Bromet toane yn Uit elkaar de kwetsberens, it geduld en de ûnmacht dêr’t mantelsoargers mei te krijen hawwe dy’t harren partner ferlieze oan demintens. Mei each foar wat der is en wie tusken de partners, is it foaral de leafde dy’t te’n grûnslach leit oan it ûntwrichtsjende sykteferrin dêr’t beide trochhinne gean.
Utstjoering: woansdeis 23 & 30 oktober, 20.25 oere by de NTR op NPO 2.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje