Twa deaden by anty-Joadske terreuroanslach yn Halle

oktober 9, 2019 23:59

Yn ‘e Dútske stêd Halle hat in 27-jierrige neonazy woansdei twa minsken fermoarde. It iene slachtoffer foel by in synagoge, it oare yn in Turksk ythúske. De man skeat om him hinne en besocht yn in synagoge te kommen. Dêr waard op dat stuit Jom kippoer fierd. It slagge him lykwols net en doe socht er oare slachtoffers.

De man hat syn dieden sels filme. Op sosjale media hat er skreaun dat neffens him “de Joaden de oarsaak fan alle problemen” binne. Joaden yn Dútslân hawwe mei in protte agresje en yntimidaasje te krijen.

De plysje hat de dieder arrestearre. It die bliken dat it gie om in ynwenner fan Eisleben. Neffens justysje yn Dútslân giet it om in antysemityske terreuroanslach.

oktober 9, 2019 23:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.