Tsien finalisten foar Liet bekend

oktober 29, 2019 15:39

Publyk jout twa wildcards fuort

Tigers fan Greonterp – boarne: Liet

De tsien dielnimmers oan de finale fan Liet 2019 op freed 15 novimber yn Neushoorn, Ljouwert, binne bekend. Fia in onlinestimming hat it Fryske publyk twa nominearren oanwiisd foar de finale. De oare acht finalisten binne útsocht troch in seleksjesjuery. By de onlinestimming fia www.liet.frl binne troch it publyk yn totaal mear as 1800 stimmen útbrocht.

De tsien finalisten binne:
BOOTS & The Jackals – Fjirder as hjir
Dirk muzyk – Spirit of Rap movement – Gearwurking
Fisk & The Stereo Machine – Magneet
Folkert-Hans – De taal fan muzyk
J.A.N. – Heger
Minke & Lucia – Nachts
Mused – BUS 51
Sequens – Do bist frij
Tigers fan Greonterp – Ik fret dy op
VOLK!! – Rinskje

Dirk muzyk – boarne: Liet

“Wy binne bliid mei de fernijde belangstelling foar Liet. Ferline jier waarden der 1200 stimmen útbrocht. No sa’n 600 mear, in stiging fan 50 persint”, seit Liet-foarsitter Gerard van der Veer. Njonken de wedstriid trede der yn de finale ek acht bekende Fryske muzykakts op, dy’t spesjaal foar Liet nije Fryske ferskes skreaun hawwe. De akts dy’t meidogge oan dit cross over-projekt binne ûnder oare Broken Brass Ensemble mei Ed Lip en Aart Lus, indie rockband Woe Blind Birds, Marcel Smit en Wiebe Kaspers.

“Liet is der om it Frysktalige liet te stimulearjen en in poadium te jaan. De wedstriid mei nije Fryske lieten fan jonge muzikanten is noch altyd hiel belangryk. Mar wy wolle ek ferbreedzje en nije dingen besykje, lykas bekende Fryske artysten stimulearje mear de Fryske taal yn harren reportoire te brûken”, seit Liet-foarsitter Gerard van der Veer.

Oare nammen dy’t meidogge oan it spesjale cross over-projekt fan Liet binne Esther de Jong, operasjongeres Elizabeth Kooy en bluessjonger Leonard Ford. Njonken Fryske lieten sjonge de akts ek eigen wurk.

De winner fan Liet 2019 sil yn 2020 Fryslân fertsjintwurdigje op Liet International. Dit Europeeske festival foar lieten yn minderheidstalen fynt yn april plak yn Aabenraa (Denemarken).

oktober 29, 2019 15:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.