Temajûn oer in ‘new deal’ tusken boer en mienskip

oktober 27, 2019 08:53

Woansdei 27 novimber sil Ryksboumaster Floris van Alkemade syn bepleite ‘new deal’ tusken boeren en mienskip taljochtsje. Mei Panorama Nederlân presintearre er in plan foar in moderne weropbou. It jout in takomst perspektyf foar de romtlike ynrjochting fan Nederlân. Van Alkemade nimt dêrby in earlik ynkommen foar boeren, in sûne boaiem en in oantreklik lânskip as útgongspunt.

Foto: pixabay.com

Twadde sprekker is Theo Mulder. Syn boadskip ‘Buorkerijen, apoteken van de toekomst’ is tige aktueel en jout hiel konkreet ynfolling oan de ‘new deal’. Mulder is oprjochter en foarsitter fan Symphony of Soils, dat him ta doel stelt boaiemfruchtberens ûnder de oandacht fan in breed publyk te bringen. De relaasje tusken sûne grûn, sûn iten en de sûnens fan minske, plant en bist wurdt dúdlik.

Lokaasje: folget, earne yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Dizze jûn wurdt jo oanbean troch de FNP Súdwest-Fryslân.

oktober 27, 2019 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.