Talkshow oer skatten yn skipswrakken

oktober 9, 2019 12:35

Wêrom moatte we sunich wêze mei skipswrakken en de kostbere lading dy’t soms al iuwen op de boaiem fan de see leit? En hoe bliuwe dy sonken skatten it bêst bewarre? Maritym argeolooch Martijn Manders en konservator Eline van den Berg geane m ei-inoar yn petear yn de earste edysje fan De diepte in, de nije talkshow fan it Frysk Museum en Keramykmuseum Princessehof op snein 13 oktober. Aldith Hunkar (bekend fan it Jeugdjournaal en it NOS journaal) presintearret de rige.

De talkshow yn Ljouwert is fergees by te wenjen en soarget foar fertier en ferdjipping by de útstalling Gezonken Schatten: geheimen van de Maritieme Zijderoute fan it Princessehof. Dêr binne oant en mei 28 juny 2020 hûnderten keramiken brûklienen en oare foarwerpen te sjen út acht skipswrakken fan oer de hiele wrâld dy’t tusken de njoggende en njoggentjinde iuw fergien binne op de Maritime Siderûte yn Azië.

Foto: Maarten van der Wal

Skatten op de seeboaiem
Under lieding fan sjoernalist en telefyzjepresintator Aldith Hunkar bringe gasten Martijn Manders (Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed en Universiteit Leiden) en Eline van den Berg (konservator Princessehof) de ferhalen by de foarwerpen ta libben. Fan de Arabieren dy’t as plunderpioniers begearich tasloegen yn Sina en op de weromreis mei porslein en al fergiene, oant de ûntploffing yn de krûdkeamer fan it Nederlânske VOC-skip Witte Leeuw wêrby’t in tige weardefolle lading nei de boaiem fan de oseaan sonk. En wat te tinken fan de tragyske skipbrek fan de Tek Sing, it skip dat yn 1822 op de rotsen sloech en mei 360.000 stik porslein en 1600 Sineeske ymmigranten fergie.

Net samar dûke
Net elk mei samar dûke nei in skipswrak. Lang wiene benammen kommersjele dûkbedriuwen ferantwurdlik foar de berging fan sonken skippen. Foar harren wiene de skipswrakken in goudmyn. Nederlân makke de regels foar ûnderwetterargeology stranger nei’t in keramykfeiling út twa skipswrakken yn de jierren ’80 miljoenen gûnen mar te min histoaryske wearde opsmiet. Oan de hân fan de resinte en bysûndere opgraving fan VOC-skip De Rooswijk foar de Ingelske kust, leit Manders út wêrom’t in soarchfâldige ûnderwettertechnology sa wichtich is en wêrom’t der net te lang mei wachte wurde moat.

Noch fierder de djipte yn
De talkshow is op snein 13 oktober yn Keramykmuseum Princessehof, fan 15.00 oant 16.00 oere. Ynrin fan 14.30 oere ôf. De diepte in is ûnderdiel fan in trijedielige programmasearje mei ferskate gasten. Nei dizze earste edysje folgje noch twa talkshows: oer Wij Vikingen (te sjen yn it Frysk Museum fan 19 oktober 2019 oant en mei 15 maart 2020) en 75 Jaar Vrijheid (te sjen yn it Frysk Museum fan 11 april oant en mei 6 septimber 2020).

oktober 9, 2019 12:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.