Swiere straffen foar Katalaanske politisy

oktober 14, 2019 23:36

De heechste Spaanske rjochter hat moandei tolve wichtige Katalaanske politisy ta in swiere straf feroardiele foar harren rol yn ‘e Katalaanske ôfskieding. Njoggen fan harren binne skuldich ferklearre oan reboelje, it misbrûken fan oerheidsjild en stokelderij. Trije oaren hawwe in straf krige foar it net útfieren fan amtlike ynstruksjes.

De heechste straf wie foar Oriol Junqueras, foaroanman fan ‘e partij ERC. FNP-Steatelid Sybren Posthumus, dy’t Junqueras persoanlik ken, skriuwt op Facebook: “Myn hert skriemt. Nei de Papua’s en de Koerden no wer de Katalanen. Folken sûnder steat wurde op in freeslike wize ûnderdrukt. In goede freon fan my, Oriol Junqueras sit al 2 jier efter de tralys. En hat der hjoed 13 jier (!) bykrigen. Foar it organisearjen fan in referindum! En 8 oaren ek. Oriol syn frou, soan en dochter moatte noch hiel lang wachtsje foardat er wer thús komt.”

Lange selstraffen wiene der ek foar parlemintsfoarsitter Carme Forcadell en de foaroansteande aktivisten Jordi Sanchez en Jordi Cuixart.

De reaksjes yn Kataloanië wiene poerrazend. Minsken giene manmachtich de dyk op. Tûzenen Katalanen hawwe it fleanfjild fan Barcelona beset, sadat der gjin fleanferkear mear mooglik is. De plysje komt hurd fanwegen en brûkt kneppels en triengas om de demonstranten fuort te jeien.

oktober 14, 2019 23:36
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. RobMokum oktober 15, 11:52

    Da’s nochris wat oars as kneppelfreed.

  2. Jordi oktober 15, 22:01

    Ja, dat is Jeropa.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.