Swalkje troch Klankryk yn de hjerstfakânsje

oktober 10, 2019 09:01 Fernijd

It wurdt dit jier in muzikale hjerstfakânsje yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert. Bern kinne dêr muzyk hearre, fiele en sjen, sels muzykynstruminten meitsje en ûntdekke hoe’t bisten gelûd meitsje. Yn gearwurking mei CityProms wurde der kreative workshops organisearre mei live klassike muzyk.

Foto: Ruben van Vliet

Yn de hjerstfakânsje wurkje it Natuermuseum en CityProms (de organisaasje achter it grutste klassike muzykfestival fan it Noarden) gear. Muzyk hat alles te krijen mei gelûd en gelûd hat te krijen mei trillings. Mar hoe wurket dat no krekt? Yn de hjerstfakânsje komme bern dêr alles oer te witten.

It atrium fan it museum wurdt dêrfoar omtsjoend ta Klankryk, in lân dêr’t muzyk de boppetoan fiert. Hjir kinne bern allerhande opdrachten dwaan dy’t te krijen hawwe mei gelûd en sintugen. By alle opdrachten kinne hja muzyknoaten fertsjinje. Dêrneist geane hja op syk nei bisten en dêrby hearrende ynstruminten. Ferskate bisten meitsje op ferskate manieren gelûd, lykas ynstruminten. Hokker bist en ynstrumint hearre byinoar?

Foto: Ruben van Vliet

Neffens tradysje is der yn de fakânsjewike fan it noarden ek wer in programma mei workshops. Dy wurde fersoarge troch CityProms. Bern geane mei saksofoanist Christiaan van der Weij op syk nei natuergelûden yn muzyk en by de workshop Klinkende Leppels kinne bern priuwe hokker ferskate smaken muzyk hawwe kin. Hja meie mei fioelspiler en gelûdskeunstner Jacob Plooij ek muzykynstruminten meitsje fan ôffal.

Bern kinne nei Klankryk ta yn de hjerstfakânsje dy’t duorret fan sneon 12 o/m snein 27 oktober. De workshops binne yn de wike dat it noarden fakânsje hat, nammentlik fan snein 20 oktober o/m sneon 26 oktober. Op 25 oktober is it boppedat Coole Kidsnacht en is it museum ekstra iepen tusken 17.00 en 21.00 oere. It programma is te finen op natuurmuseumfryslan.nl. Foar mear ynformaasje, sjoch ek cityproms.nl.

Swalkje troch Klankryk wurdt finansjeel stipe troch it Prins Bernard Cultuurfonds, it Nieuwe Stadsweeshuis, it Old Burgerweeshuis en de Boelstra Olivier Stichting.

oktober 10, 2019 09:01 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.