Sûne itensiederswurksjop yn Droegeham

oktober 23, 2019 08:30

Op 19 oktober wie de earste itensiedworkshop ‘Itensiede sûnder pakjes en pûdsjes’ yn Droegeham. Under lieding fan Sija Boonstra, Regina Jorna en Geartsje van Dijk gienen 13 entûsjastelingen oan ’e slach om jûnsiten te meitsjen sûnder kant- en kleare stipkes en miksen.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

“Wy wolle minsken graach yn ’e kunde komme litte mei puere smaken en farske produkten”, seit organisator Regina Jorna. Geartsje van Dijk follet oan: “Fanwegen de drokte fan al den dei fine wy itensieden mei pakjes en pûdsjes faak maklik, mar itensieden mei farske produkten is ienfâldich en folle lekkerder.”

Fit & Sûn
De sûne itensiederswurksjop is in inisjatyf fan Fit & Sûn Droegeham. Fit en Sûn makket minsken bewust fan harren eigen sûnens. Hja litte sjen hoefolle wille oft men hawwe kin fan sûnens en stimulearje ynwenners om in sûne kar te meitsjen. Fit & Sûn bestiet út ynwenners (mei-inkoar yn Droegeham), private partners (Keunstwurkplak Daeldersplak, de Spar Droegeham, Folkstúnferiening Droegeham, You vsYou Fitcentre) en professionals fan de gemeente Achtkarspelen (Kearn, Sportstimulearring en JOGG), dy’t har sterk meitsje foar in sûne libbensstyl foar alle ynwenners.

oktober 23, 2019 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.