Súksesfolle ynspraakjûn duorsumheid

oktober 8, 2019 11:51

Tiisdei 1 oktober organisearre de gemeente Waadhoeke in ynspraakjûn oer duorsumheid. It doarpshûs yn Rie wie goed beset. De minsken koene meiprate oan fiif tematafels: duorsum ûndernimmen, bioferskaat, duorsume elektrisiteit en waarmte, duorsume gebouwen en ôffal/sirkulêr. Der is weardefolle ynformaasje út kommen dy’t de gemeente ferwurket yn de duorsumheidsaginda.

De gemeente Waadhoeke is dwaande mei in duorsumheidsaginda. Dêr stiet ûnder mear yn hoe’t we yn de takomst duorsum ûndernimme kinne, gebouwen enerzjysunich meitsje kinne, it bioferskaat fersterkje wolle en hoe’t we fan ôffal nei grûnstof geane. Mei it wurd ‘aginda’ wol de gemeente net allinnich belied meitsje, mar dêr ek konkrete aksjes oan ferbine. Dus, wêr wolle we hinne, wannear dogge we dat en hoe?

Foto: gemeente Waadhoeke

Goede ynformaasje krigen
De gemeente Waadhoeke is tige te sprekken oer de bydragen fan de oanwêzigen. Der waard folop diskusjearre oer mooglike en ûnmooglike oplossingen. Wethâlder Jan Dijkstra sleat de jûn ôf: “Wy moatte ús bewust wurde fan de opjefte dy’t der leit op it mêd fan duorsumheid. En ik haw in soad goede ideeën heard, lykas it opslaan fan enerzjy as dy wûn is en it winnen fan oare foarmen lykas wetterstof. Wat ik foaral heard haw is: gean mei-inoar yn petear en nim inoar mei yn dit ferhaal.”

Op dizze jûn wiene ek riedsleden oanwêzich. Harren taak wie benammen om goed te harkjen, sadat se aanst neigean kinne oft it kolleezje de ynformaasje fan de ynwenners goed ferwurke hat yn de nije duorsumheidsaginda.

 

oktober 8, 2019 11:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.