Subsydzje foar tsien projekten oer 75 jier frijheid

oktober 28, 2019 08:19

Tsien projekten út Fryslân oer de 75-jierrige frijheid krije subsydzje fan de provinsje. Yn totaal krije se 400.000 euro út de subsydzjeregeling ’75 jier frijheid Fryslân’. De projekten stean stil by wat der yn de oarloch bard is en fiere de frijheid dy’t wy takom jier 75 jier kenne.

Foto: Provinsje Fryslân

Ien fan de projekten dy’t subsydzje krije, is ‘De terugkeer van de Joodse kinderen’. 210 Joadske bern dy’t yn 1942 en 1943 út Amsterdam nei Fryslân smokkele waarden, wurde, foar safier’t se noch libje, útnûge om noch in kear nei Fryslân te kommen. Om de oarloch te betinken en de frijheid te fieren.

Vfonds
Ek it vfonds ynvestearret yn de fiering en betinking fan 75 jier frijheid yn Fryslân. Dat fûns stiet foar it Nationaal Fonds voor Vrede, Vrijheid en Veteranenzorg. It stelt 500.000 euro beskikber. Dat is 23 septimber fêstlein yn in yntinsjeferklearring, dy’t mei ûndertekene is troch Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok. Inisjatyfnimmers fan projekten yn Fryslân kinne sels in oanfraach yntsjinje by it vfonds. Yn desimber beslút de Rie fan Bestjoer oer de oanfragen.

Klik hjir foar in oersjoch fan de projekten dy’t subsydzje krije fan de provinsje.

oktober 28, 2019 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.