Stikstofbelied en fertiizjend taalgebrûk

oktober 1, 2019 19:43

Ynstjoerd

Foto: Wikipedia/Ruben de Rijcke (lisinsje CC BY-SA 3.0)

De krante stiet de lêste tiid fol oer stikstofproblematyk as gefolch fan de útspraak fan de Steatsrie dat it Nederlânsk belied op it mêd fan stikstofútstjit yn striid is mei Europeeske natuerwetjouwing. Steld wurdt dat benammen yn de lânbou, it ferkear en de yndustry te folle stikstof útstjitten wurdt mei kwealike effekten op de natuer. Dy útspraak laat derta dat tal fan ferguningen foar projekten op it mêd fan de lânbou (bygelyks feestâlen), nijbou en ferkear (bygelyks wegebou) op ’e nij hifke wurde moatte. Yn de krante fan 17 septimber skriuwt Robert Lenes dat dêrtroch driget dat de Nederlânske ekonomy op slot giet. Hielendal mei iens, mar ik freegje my ôf oft Lenes wol echt begrypt wêr’t it oer giet as er as risiko sjocht dat stikstof tafoege wurdt oan ierdgas út lytse fjilden om dat geskikt te meitsjen foar húshâldens.

It giet hjir om stikstofgas (N2), mar by it stifkstofbelied giet it om stikstofferbiningen as ammoniak (NH3) en stikstofoksiden (NOx) en dat is hiel wat oars. Stikstofgas (N2) is in frij ûnskuldich gemysk elemint dat 80% fan de atmosfear omfiemet en pas ûnder ekstreme omstannichheden omset wurde kin yn ammoniak troch de reaksje mei wetterstof (it Haber-Bosch proses). Ammoniak, de grûnstof foar keunstdong, is de kweade pier, omdat it delslacht út de atmosfear op natuergebieten. Stikstofoksiden wurde útstjitten troch ferbrâningsmotors (auto’s) en wurde yn de atmosfear omset yn nitraat, û.o. de oarsaak fan soere rein. Foar in protte boargers sûnder gemyske kennis is dat hiel fertiizjend. Sy sjogge it ferskil net tusken stikstof en kwealike stikstofferbiningen. Dêrom pleitsje ik derfoar om net langer it wurd stikstof te brûken as stikstofferbiningen lykas ammoniak of stikstofoksiden bedoeld wurde.

Jehannes Elzinga, organysk gemikus
Frjentsjer

oktober 1, 2019 19:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.