Starter yn Fryslân moat yn trochsneed € 44.877 eigen jild meinimme

oktober 18, 2019 09:05

By it keapjen fan in hûs moat der altyd eigen jild meinommen wurde. Op de ynteraktive Eigenjildkaart fan Independer is foar alle Fryske gemeenten te sjen hokker trochsneed bedrach der by ferskate ynkommens op tafel lein wurde moatte. In starter dy’t 36.000 euro fertsjinnet moat by in keaphûs yn Fryslân, wat de opperflakte fan it keaphûs ek is, sels gemiddeld sa’n 44.877 euro meinimme.

Ofbylding: pixabay.com

Mear eigen jild nedich by oankeap hûs
Sûnt 1 jannewaris 2018 finansierje hypoteekferstrekkers maksimaal 100% fan de wearde fan in keaphûs. Ekstra kosten lykas notariskosten, oerdrachtsbelesting en taksaasje, moat de keaper dus sels betelje mei eigen jild. Wol de keaper in djoerder hûs as de maksimale hypoteekliening dy’t er krije kin, dan moat der fansels mear eigen jild ynbrocht wurde. Yn grutte parten fan Nederlân stige de fjouwerkantemeterprizen noch hieltyd. Dat betsjut dat it alle jierren in gruttere útdaging wurdt om in betelber hûs te keapjen. In allinnesteande starter moast yn augustus 2019 foar in wenning fan 60 m2 gemiddeld al 24.496 euro eigen jild meinimme. Dat is hast 2.000 euro mear as yn febrewaris 2019.

Eigenjildkaart Fryslân
Hoe heech oft it bedrach oan eigen yn te bringen jild is om in hûs te keapjen hinget ôf fan ferskate faktoaren. De wichtichste binne it ynkommen, it oantal fjouwerkante meters fan de wenning, en de oankeappriis fan it hûs.

De regio spilet ek in rol: yn Fryslân is it bedrach dat sels ynlein wurde moat it heechst yn de gemeente Skylge, wylst keapers yn Noardeast-Fryslân gemiddeld it minst bylizze moatte.

Om ynsjoch te jaan hawwe de finansjele eksperts fan Independer de Eigenjildkaart fan Nederlân makke. Op dy kaart is gemeentegewiis te sjen hoefolle eigen jild gemiddeld oft nedich is by de oankeap fan in hûs.

oktober 18, 2019 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.