Start kaartferkeap foar spesjale Liet

oktober 19, 2019 09:00

Frysk sjongfestival yn nij jaske

De kaartferkeap foar sjongfestival Liet op freed 15 novimber giet sneon 19 oktober fia de side www.liet.frl fan start. De kriich foar it Frysktalige liet, dy’t yn Neushoorn yn Ljouwert holden wurdt, is dit jier yn in nij jaske stutsen. Neist de tsien finalisten foar it sjongfestival trede ek acht bekende Fryske muzykgroepen op, dy’t spesjaal foar Liet nije Frysktalige lietsjes skreaun ha. Dat binne ûnder oaren Broken Brass Ensemble mei Ed Lip en Aart Lus, indie rock band Woe Blind Birds, Marcel Smit en Wiebe Kaspers.

Broken Brass Ensemble treedt 15 november ek op (foto: Liet)

“Liet is der om it Frysktalige liet te stimulearjen en in poadium te jaan. De kriich mei nije Fryske lietsjes fan jonge muzikanten is noch altyd hiel belangryk. Mar wy wolle ek ferbreedzje en nije dingen probearje, lykas bekende Fryske artysten stimulearje om mear de Fryske taal yn harren reportoire te brûken”, seit Liet-foarsitter Gerard van der Veer.

Oare nammen fan bekende Fryske artysten dy’t meidogge oan it spesjale cross over-project binne Esther de Jong, operasjongeres Elizabeth Kooy en bluessjonger Leonard Ford. Njonken de nije Fryske lietsjes sjonge se ek eigen wurk.

Oant ein oktober kin it publyk digitaal fia de site fan www.liet.frl stimme wa fan de fyftjin oerbleaune nominearre kandidaten in plak yn de finale fan 15 novimber krije. It publyk kiest twa dielnimmers. De oare acht finalisten wurde oanwiisd troch in seleksjesjuery. De winner fan Liet 2019 fertsjintwurdiget Fryslân yn 2020 op Liet International. Dat Europeeske festival foar lietsjes yn minderheidstalen wurdt it oare jier april yn Aabenraa (Denemarken) holden.

oktober 19, 2019 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.