Stambeam yn sulver

oktober 25, 2019 12:48

De Fryske berteleppeltradysje tusken 1650 en no

Skôging troch Richard de Boer en Han Nijdam

De Fryske berteleppeltradysje liket in bytsje op it keatsspul. Ea waard it yn ferskate dielen fan Europa dien, mar hast allinne yn Fryslân is it goed bewarre bleaun. Berteleppels lizze by mannichien as erfstik thús en Fryske edelsmidden sille meistimme dat se as geskink noch hieltyd yn ’e swang binne. Wat sokke leppels bysûnder en foar genealogen nijsgjirrich makket, is it prinsipe fan ferneamen dêr’t it foar in goed part op driuwt (of alteast hiel lang dien hat: wy sille ek sjen hoe’t de tradysje yn de rin fan ’e 20e iuw feroare is). Sa binne der leppels dêr’t trije, fjouwer of sels fiif kear deselde namme op gravearre stiet. Oant de romte op ’e leppel op wie. Sokke leppels binne stambeammen yn sulver.

Wy sille yn ús lêzing foar it Genealogysk Wurkferbân op 2 novimber (sjoch: www.itnijs.frl/2019/10/nijsgjirrige-middei-genealogysk-wurkferban) it begjin fan de tradysje trasearje en de fierdere ûntjouwing beskriuwe. It docht ek bliken dat de berteleppels net yn hiel Fryslân foarkomme, mar yn in beheinder part. Wy dogge koartsein in lyts ferslach fan ús rinnend ûndersyk en fan de reaksjes dy’t wy krigen hawwe op de ferskate oproppen om ynformaasje oan te leverjen.

Wa’t sels ien of mear berteleppels of in oar âld erfstik hat wurdt frege om dyn mei te nimmen, want wy binne ek benijd nei ferhalen fan oaren. En dêr is ek romte by it soad ta.

Han Nijdam (1969) hâldt him as ûndersiker oan de Fryske Akademy dwaande mei it Aldfryske rjocht en is tige ynteressearre yn de “longue durée” fan Fryslân.
Richard de Boer (1976) is wittenskipssjoernalist en kommunikaasjemeiwurker fan de Fryske Akademy. Hy ferdjippet him ûnder oaren yn ûndersyk nei mûnlinge tradysjes. Sjoch: www.dhabirecorder.com.

 

oktober 25, 2019 12:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.