Spul oer twatalige buorden yn Belfast

oktober 3, 2019 20:20

Noard-Ierlân (donkergrien) yn it Feriene Keninkryk (grien)

Noch net sa lang lyn wie it Iersk de taal fan in pear lytse Ierske doarpkes oan ‘e Ierske westkust. De rest fan Ierlân learde de taal wol, mar hy spile gjin grutte rol yn it deistich bestean. Yn Noard-Ierlân, part fan it Feriene Keninkryk, wie dat noch dúdliker it gefal. Oan ‘e westkust wiene noch wol wat Ierskpraters, mar Belfast wie in Ingelsktalige stêd.

Dat is feroare. It westen fan Belfast hat him ûntwikkele ta in sintrum fan ‘e Ierske taal en kultuer. Yn guon wiken yn West-Belfast praat hast ien op ‘e trije ynwenners flot Iersk. Dat is mei te tankjen oan in aktive taalpolityk ûnder katolike ynwenners.

Foar de Iersksinnige partij Sinn Féin wie dat reden om te pleitsjen foar twatalige strjitnammebuorden yn West-Belfast. Nuver genôch beskuldige dêrnei de partij Alliance Sinn Féin derfan net Iersksinnich genôch te wêzen. Michael Long fan Alliance sei sels dat Sinn Féin fan West-Belfast in ‘getto’ meitsje wol.

Nuver, want Alliance is fanâlds in protestantske, pro-Britske partij. Alliance seit dat, as West-Belfast twatalige buorden kriget, de rest fan de stêd dat ek moat en pleite dêr ek foar ûnder it biedwurd ‘De Ierske taal is fan elkenien’.

oktober 3, 2019 20:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.