Sinneblom (gedicht)
Resint ferskynd
Sinneblom
As siedsje yn it hinnefoer
hold ik dy yn in hânfol oer
en plante dy yn de hoop op letter
yn in bakje modder mei wat wetter.
Nei in tiidsje stekst as griene sprút
boppe de swarte grûn al út.
Ik set dy mei it grutst gemak
yn de folle grûn mei ‘antyslak’.
In skoftke letter kom ik derby
en bist hast al grutter as my.
De hichte yn mei dyn griene knop,
omheech, omheech, it hâldt net op.
No stikest hjir boppe alles út,
en sjoch ik moarns troch it keamersrút,
dan tink ik wat in pracht, je leauwe it net,
do liket hast wol in raket
As sinneblom strielst as de sinne
en silst yn oansjen alles winne,
troch pracht en kleur, as bijefoer,
do wûnderwurk fan de natoer.
Reinder Posthuma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje