Simone Djurrema: Idewidewytske

oktober 26, 2019 20:00

Kollum

Op myn tritichste hie ik noch nea libben in nije fyts hân. Eartiids krige ik altyd myn sus harres of in twaddehâns. In protte bern krigen in nije fyts wannnear’t se nei it fuortset ûnderwiis giene, mar dat hoegde fan my ek net. Ik gie nei de mafû yn Burgum en hie it wol berinne kinnen. Doe’t ik nei Drachten moast op myn sechstjinde hie ik al in brommer. De kearen dat ik al fytste makke it my ek neat út.

Jierren haw ik op de âlde widdofyts fan ús mem omfytst. Doe’t we letter yn Garyp wennen en we Quint hiene, ús prachtige Ierske Setter, fytste ik mei him. Dan koe er efkes lekker útfleane. Wy hawwe ris mei de auto efter him oan riden en hy helle neffens de teller sa’n 35 km yn ’e oere! Jimme kinne wol neigean dat de Garipers my foar gek ferklearren. Se seagen ien streek, fielden in wynstjit en tochten dan: dat sil Simone wol west hawwe.

En op in dei barde it.
Ik krige fan ús heit en mem in splinternije fyts. In widdofyts fansels, dat wie dé fyts. Mei wol trije fersnellingen! Mear hoech ik ek net, dat is mear as genôch. Doe fernaam ik hoe slap oft mem har âld fytske eins wurden wie. Dat wie no ferline tiid, hearlik!

Doe’t we plannen makken om nei Sweden te ferhúzjen besleaten we dat in gewoane fyts net sa handich wie om mei te nimmen. Wy kamen yn ’e heuvels te wenjen mei kilometers grintwei foar’t we by in asfaltdyk kamen. In mountainbike soene we hjir keapje. No’t ik dit skriuw wurd ik ek wer in bytsje drôvich, want ik mis Quint bitiden noch hieltyd. Ik hie gjin idee hoe’t it mei wurk komme soe destiids en stel dat ik in protte wurkje moast, dan hie ik gjin tiid hân om der mei him út. Fytse koe fansels net, dat soe libbensgefaarlik wêze yn it grint. Dan soe ik der yn ferhâlding folle langer mei him út moatten ha. En der wie gjin strjitferljochting, dat hoe hie dat dan yn’e winter moatten? Nee, de beslissing wie goed, Quint hat in hiel goed plak no, mar it docht noch gauris sear.

Mar om wer op de fyts werom te kommen, wy ferkochten de fytsen yn Fryslân en de mountainbike kaam der. Mar nei tweintich minuten fytsen hie ik in seare nekke, in seare rêch en in seare kont…
Hoe fytse minsken derop? Wat in drama! Der moast ek noch mar in oare fyts komme. Ek neat! Wer in seare kont. In nij sadel kocht. Nóch in seare kont. Ik miste myn fytske hieltyd mear.

Serah

No hawwe wy efternei besjoen mar in healjier yn dat earste hûs wenne. Wy wenje no mar fiifhûndert meter fan de asfaltdyk ôf en it is hjir net iens sa heuveleftich. Boppedat waard ús hûn, Tina, sa âld dat we der no in oare by hawwe, Serah. De wurksituaasje is ek wat dúdliker wurden, dat wy kinne dermei rêde. Yn ’e hûs is Serah sa rêstich as wat, mar dochs fernimme we dat se wol ris efkes útfleane moat. Wy hawwe besocht om har los te hawwen, mar dan is it wyld yn ’e buert net feilich en binne we har in kertier kwyt, dat soe in fyts dochs net wat wêze?

Heit en mem: ik haw spyt dat ik de fyts ferkocht haw. Idewidewytske, ik wol wer in widdofytske.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden. De foto is fan harsels.

 

oktober 26, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.