“Selsridende auto kânsleas yn ’e stêd”

oktober 12, 2019 10:05

Sels mei de meast avansearre techniken sil it net slagje om de selsridende auto feilich troch de stêd ride te litten. It probleem is dat de techniken net by steat wêze sille om yn in fraksje fan in sekonde te foarsizzen wat fytsers yn it drokke stedsferkear dogge. Dat sizze renommearre ûndersikers yn de NPO/NTR-podcast De Spaak.

Jeroen Dirks (foto: NTR)

Op it stuit wurkje tsientûzenen ûndersikers oan de takomst fan de selsridende auto. Yn Nederlân ûndersiket TNO Automotive yn Helmond de mooglikheden. Dy lykje posityf foar it ferkear bûten de stêden. Mar it ynfieren fan selsridende systemen yn drok stedsferkear sjogge de ûndersikers tsjuster yn.

Selsridende auto’s wurkje mei sensoaren op ferskate plakken op ’e auto. Dy leverje in totaalbyld op en op grûn dêrfan ‘nimt de auto besluten’. Probleem is dat it totaalbyld wol registrearret wêr’t oare ferkearsbrûkers binne, mar min foarsizze kin wat se dwaan sille. Dat spilet foaral by fytsers dy’t yn harren hâlden en dragen ritich binne.

“Soms sjocht de auto de fytser net – foaral om’t alles yn wikseljende faasjes it krúspunt opkomt”, seit Jeroen Uittenbogaard fan TNO Automotive. Hy ûndersiket no oft it mooglik is om de selsridende auto en fytsers ‘kommunisearje’ te litten. It idee is dat de snoadfoan fan de fytsers oan de auto in sinjaal trochjout: ‘hjir bin ik’.

Esra van Dam, kollega by TNO Automotive, folget in oar spoar: “As men as minske de krusing oprydt, wit men ‘de oar hat my sjoen’. In beskaat gebeart, in knikje. Wêr’t wy by TNO oan wurkje, is om de kennis dy’t wy as minsken hawwe by it ûnderkennen fan fytsers ek yn in kompûtersysteem te yntegrearjen.” Mar de ûndersikers jouwe yn podcast De Spaak ta dat it faaks ûnmooglik bliuwt om de selsridende auto feilich troch it drokke stedsferkear te loadsen.

Jeroen Ploeg, prefester oan de TU Eindhoven, docht al tweintich jier ûndersyk nei de selsridende auto en is mear útsprutsen: “Wy kinne sizze: wy gean troch mei wat we no dogge: nammentlik besykje om in minske te imitearjen mei automotive. Wy kinne ek ôfstân nimme en sizze: miskien is ús ferfierssysteem wol net sa handich. It is no in soadsje sûnder oarder op ’e dyk. It systeem moat folslein oars.”

Saskia Kluit, direkteur fan it Fytsersbûn, konkludearret dat de selsridende auto gjin takomst hat yn ’e stêd. “Dy auto’s binne prima oant de râne fan de stêden. Dêr moat men dan oerstappe op in oare ferfierswize.”

De ôflevering fan De Spaak oer selsridende auto’s yn ’e stêd is hjir te hearren. De Spaak is in wyklikse podcast fan Jeroen Dirks foar de NTR. Dirks makke earder de NPO Radio 1-programma’s Fietsend het jaar uit! en de Nacht van de Fiets. Foar De Spaak wurket er gear mei fytsekspêrs fan de Universiteit fan Amsterdam en it Fytsersbûn. It is mooglik jin te abonnearjen op De Spaak of oare bekende podcastplatfoarms.

oktober 12, 2019 10:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.