Rjochtssaak oer Frânsktalich ûnderwiis yn Kanada

oktober 6, 2019 07:44

1. Gebieten mei Ingelsk as fiertaal. 2. Twatalige gebieten (Ingelsk/Frânsk). 3. Gebieten mei Frânsk as fiertaal. It grutte bêzje gebiet is sa goed as ûnbewenne.

Hoe hurd is it rjocht fan Frânsktalige bern yn Kanada op ûnderwiis yn ‘e memmetaal? Dy fraach moat de heechste rjochtbank yn it lân ynkoarten beänderje. De saak is oanspand troch Frânsktalige ynwenners fan Ingelsktalige provinsjes, dy’t it net slagge om Frânsktalige learkrêften foar harren bern te krijen.

De Kanadeeske wet is der dúdlik oer: as de heit en mem nei in Frânsktalige skoalle yn Kanada west hawwe, dan hawwe harren bern dat rjocht ek, ek yn de Ingelsktalige provinsjes. Ingelsktalige bern yn Quebec hawwe itselde rjocht op ûnderwiis yn harren memmetaal. De wet hat lykwols in praktyske beheining: regionale en pleatslike oerheden hoege net allegear taalfasiliteiten te regeljen foar ien of twa bern. Der moat wol in ploechje wêze, oars binne de kosten en de ynspannings te grut.

Dêr ûntstiet wolris striid oer. Alden binne dan fan betinken dat in gemeente of provinsje in learkrêft yn de taal fan ‘e bern regelje moat, wylst de oerheid dat te djoer achtet. Guon oerheden binne boppedat fan goeie wil, mar kinne yn it tinbefolke Kanada net altyd fuortendaliks in learaar fine dy’t de taal fan ‘e bern behearsket. Hja sizze fierders dat men fan in oerheid net easkje kin dat dy elk ûnderwiisprobleem fuortendaliks oplost. De rjochter moat no útmeitsje hoe hurd oft de taalrjochten fan ‘e Frânsk- en Ingelskpraters bûten har eigen provinsjes binne.

oktober 6, 2019 07:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.