Ribe (gedicht)

oktober 5, 2019 09:30 Fernijd

Resint ferskynd

Ribe

Foto: pixabay.com

Ik ha der west,
op ’e ein fan ús âld lân,
dêr’t de wrâld einiget
yn ’e see en tsjokke dize.
Besketten yn ’t ûnlân
tusken waad, see en strân,
leit dêr ús âld Fryske
hannelsstêd, Ribe

De âlde huzen suchtsje
oer harren iuwenâlde lêst.
Wylst minsken kringelje
troch de strjitten en libje frij,
harren libben yn in mienskip
fan hâldfêst en rêst.
It gerûs fan it rivierke
nimt argeleas myn tinzen mei.

It reint bot en krekt as
yn de âlde tiden
jout de Domtsjerke my
lijte en ûnderdak
Ik sjoch nei it tablo
fan Jezus en syn blieden.
Ik moat hjir wei,
fiel my net op it gemak

Sa flechtsje ik ta de tsjerke út,
sykje wol myn eigen paad.
Dêr komt it, in déjà vu,
eat kizet my yn de lea.
Wylst ik stoarje oer it ûnlân
tusken Ribe en it Waad,
Fjochtsje de Wytsinger,
Fries yn my op it libben en de dea.

Sander, Oerterp

oktober 5, 2019 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.