Regiodeal natuerynklusive lânbou ûndertekene

oktober 4, 2019 09:09

De Regiodeal natuerynklusive lânbou kin no fan start. Op de Natuertop op woansdei 2 oktober setten de deputearren fan de trije Noardlike provinsjes en it ministearje fan Lânbou harren hanteken ûnder de ôfspraak. De provinsjes ynvestearje mei-inoar tsien miljoen euro. It Ryk stelt ek tsien miljoen euro beskikber.

Foto: Provinsje Fryslân

Doel fan de Regiodeal is in ekonomyske sterke lânbousektor, dy’t bydraacht oan it bioferskaat, in sûne boaiem en in fariearre en (be)leefber plattelân. It Noarden en it Ryk sille har dêr de kommende fjouwer jier ekstra foar ynsette. Yn gearwurking mei de agrariërs, lânboupartners, grûneigners, natuerorganisaasjes, kennisynstellings en maatskiplike organisaasjes.

Op it gebiet rjochte oanpak
Dat dogge se troch yn acht gebieten doelen en aksjeplannen op te stellen en dêrnei yn ’e praktyk ynstruminten en wurkwizen te ûntwikkeljen dy’t natuerynklusyf buorkjen oantreklik en rendabel meitsje. De gebieten ferskille sterk faninoar en binne represintatyf foar boaiemsoart, wetterhúshâlding en grûngebrûk yn Nederlân. Sa kin de opdiene kennis yn oare provinsjes ek benut wurde.

Yn it Noarden rinne al inisjativen dêr’t fan leard wurde kin. Dêrom stipet de Regiodeal foarútrinnend op de doelen en aksjeplannen sân foarbyldprojekten. In greep út de foarbyldprojekten:

Foto: Provinsje Fryslân

– Bioferskaatmonitor. BO Ikkerbou, Wrâldnatuerfûns, Provinsje Grinslân en Rabobank ûntwikkelje mei-inoar in saneamde bioferskaatmonitor foar de lânbou. Dat ynstrumint sil it bioferskaat yn kaart bringe. As stimulâns, mar ek as fertsjinmodel foar de boer.

– Ferduorsumjen melkfeehâlderij. De provinsje Drinte, boeren en natuerorganisaasjes en it agrarysk bedriuwslibben wurkje gear oan it ferduorsumjen fan de Drintske melkfeehâlderij. De oanpak bestiet út konkrete maatregels om melkfeehâlders te stypjen om harren bedriuw te ferduorsumjen. Hja krije in bedriuwseigen plan en in finansjele beleanning foar werklike stappen. Kennisútwikseling is ek in spearpunt. Ambysje is in sletten omrin yn 2025.

– Senario en omrinwizer foar sirkulêre lânbou. Steatsboskbehear, de provinsje Fryslân, gemeente It Hearrenfean, Wetterskip Fryslân, Universiteit Wageningen en de Gebietskommisje Aldeboarn-De Dielen ûntwikkelje mei-inoar in senario en omrinwizer foar sirkulêre lânbou yn it kwetsbere Fryske feangreidegebiet.

oktober 4, 2019 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.