Radio Doc – De Poalske reportaazje dy’t net útstjoerd waard

oktober 11, 2019 10:39

By gelegenheid fan de Dei fan de Poalske flagge makket de Poalske radiomakker Agnieszka Czyżewska-Jacquemet in programma oer de Poalske flagge en hoe’t Poalen mei harren nasjonale symboalen omgean. Har dokumintêre Tee yn in read-wyt kopke stie yn it útstjoerskema foar 2 maaie 2018 en is al hielendal ôf, mar fjouwer oeren foar útstjoering waard Agnieszka skille troch de haadredaktrise fan Radio Lublin. De dokumintêre soe net útstjoerd wurde.

Joost Wilgenhof spoarde de net-útstjoerde reportaazje op, fûn mear foarbylden fan opkearde radioreportaazjes en frege him tegearre mei de Poalske film- en literatuerwittenskipper Iwona Gusc ôf: Wêrom waard der fan hegerhân yngrepen? Wat mochten de harkers fan Radio Lublin net hearre?

Utstjoering: Snein 13 oktober om 21.00 oere op NPO Radio 1
Webside: www.nporadio1.nl/radio-doc

oktober 11, 2019 10:39
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. RobMokum oktober 11, 11:01

    Wêrom wol dit nijs mar neat oer it grutste folk sûnder eigen steat dat no al oardel dei bombardearre wurdt troch in hast-diktatuer wêr’t ús regear neat tsjin doart te dwaan? Soks is krekt nijs foar dizze webside sa like it my ta.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.