Princessehof lit nij wurk Tanja Smeets sjen

oktober 30, 2019 08:55 Fernijd

Fan 23 novimber 2019 o/m 3 maaie 2020 is yn Keramiekmuseum Princessehof it wurk fan Tanja Smeets (Wijchen, 1963) te sjen. EKWC@Princessehof: Tanja Smeets lit it nagelnije wurk Terrarium sjen. De romtefoljende ynstallaasje docht tinken oan in mei planten oerwoekere seeboaiem, mei struktueren dy’t út de muorren groeie en har oan ’e grûn fêstsette. It wurk bestiet út deistige materialen lykas keramyk, metaal, rubber, plestik en filt. Dizze oerfloed oan materialen ropt fragen op oer ús gebrûk, mar ek oer wat weardefol of sûnder wearde is, en wêrom.

‘Terrarium’ fan Tanja Smeets (foto: Princessehof)

Terrarium
Yn har wurk kombinearret Tanja Smeets it natuerlike mei it keunstmjittige. Har bylden en ynstallaasjes ûntsteane út it idee fan in ûneinich lânskip dêr’t de romte yn oerwoekere wurdt troch amorfe struktueren, dêr’t Smeets hús-tún-en-keukenmaterialen by brûkt. Yn Terrarium rint de besiker troch benearjende eilannen fol wyldgroei. It wurk past by de tentoanstelling Gezonken Schatten, dy’t tagelyk te sjen is yn it Princessehof. Yn dy tentoanstelling steane objekten sintraal dy’t fûn binne oan board fan acht skipswrakken.

Europees Keramisch Werkcentrum
Alle jierren hâlde likernôch 60 keunstners trije moannen ta yn it EKWC, dêr’t hja de gelegenheid krije te eksperimintearjen mei keramyk. It doel is om de ûntwikkeling fan keramyk yn de byldzjende keunst, design en arsjitektuer te stimulearjen. Op de syktocht nei nije perspektiven en techniken yn de keramyk nûget Keramiekmuseum Princessehof alle jierren twa keunstners út om de resultaten fan harren wurkperioade by it EKWC te presintearjen. Tanja Smeets hat yn de ôfrûne jierren fjouwer kear yn it Europees Keramisch Werkcentrum wurke.

oktober 30, 2019 08:55 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.