Populariteit alkoholfrij bier Fryslân bliuwt efter

oktober 3, 2019 09:03

Yn Nederlân wurdt hieltyd mear alkoholfrij bier dronken. Yn 2019 kiest 46,6% fan de Nederlanners faker foar in alkoholfrije fariant as trije jier ferlyn. Yn Fryslân is dy groei lykwols minder sterk, sa docht bliken út it Bobtoberfest-ûndersyk fan Feestkleding365.nl. nei oanlieding fan 30 jier alkoholfrij bier op it Dútske Oktoberfest.

Foto: pixabay.com

Krekt wat mear as in tredde (36,8%) fan alle Friezen jout oan hjoed-de-dei faker foar alkoholfrij bier te kiezen as trije jier ferlyn. Hoewol’t dat noch altyd in aardige groei neamd wurde kin, is it behoarlik minder as by Drinte (64,4%), de provinsje dêr’t de populariteit it hurdst groeit. 28,8% fan de Friezen drinkt likefolle alkoholfrij bier as trije jier ferlyn, wylst 34,4% krekt minder alkoholfrij bier ynnimt.

Froulju kieze faker foar alkoholfrij bier
De grutste groei fan it drinken fan alkoholfrij bier is yn Nederlân sichtber ûnder froulju. Leafst 49,0% fan de froulju drinkt faker alkoholfrij bier as trije jier ferlyn. By manlju is der ek groei, mar leit it persintaazje mei 43,3% wol wat leger. Dêrfoaroer stiet dat der ek in groep manlju en froulju is dy’t no krekt minder alkoholfrij bier keapet: 16,5% fan de manlju en 12,6% fan de froulju.

Hertog Jan populêrste bier yn Fryslân
Nederlanners waard ek frege nei harren favorite biermerk. Ut it ûndersyk docht bliken dat 26,4% fan de Friezen in foarkar hat foar Hertog Jan bier. Heineken stiet mei 21,1% op it twadde plak en Grolsch is mei 16,7% tredde.

Lês mear oer it ûndersyk.

oktober 3, 2019 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.