Piter Wilkens presintearret boek ‘Pake syn wein’

oktober 26, 2019 23:56

Op de oldtimerbeurs ClassicsNL yn it WTC Expo yn Ljouwert is sneon it boek Pake syn wein presintearre. Yn it boek steane foto’s en ferhalen oer motoaren, bromfytsen en auto’s yn Fryslân yn de earste helte fan de tweintichste iuw. Fierders waard it webstee oer Fryske B-kentekens fan Tresoar fernijd: foar 1951 hiene alle provinsjes in eigen letter dêr’t in kenteken mei begûn. Yn Fryslân wie dat de letter B. De kentekens wienen bûn oan de persoan en bleaune faak jierrenlang by ien eigener of famylje. Wannear’t ien in nije auto kocht, gie ‘syn’ nûmer oer fan de âlde op de nije auto.

Sûnt 2006 sammelet it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar foto’s en ynformaasje oer sokke kentekens op de webside kentekens.tresoar.nl. Besikers kinne dêr ynformaasje fine oer kentekens dy’t fan 1906 oant 1951 útjûn binne, mar it is ek mooglik om sels ynformaasje en ferhalen ta te heakjen. Fan dy mooglikheid wurdt troch in soad minsken gebrûk makke en de kentekenwebside is dan ek ien fan de meast besochte websiden fan Tresoar.

Foar it boek Pake syn Wein waard sjonger en autoleafhawwer Piter Wilkens frege om in seleksje te meitsjen út de moaiste foto’s mei ferhalen dy’t de ôfrûne trettjindel jier binnenkommen binne op de webside. Hy spile by de presintaasje syn ferske ‘Pake syn wein’. “Ik wit net wat it is, mar it is in liet dêr’t minsken harsels yn werkenne. It is fansels nostalgy”, sei de sjonger. Wilkens joech foar syn offisjele optreden de eigen eagen ek goed de kost op ClassicsNL en stie neffens eigen sizzen ek ‘yn ferlieding’ om in ‘âlde wein’ te keapjen. “Mar ik doch it net, want ûnderhâld en ûnderdielen binne djoer en ik haw der de tiid ek net foar. Mar it bliuwt moai guod.”

Tresoar is it hiele wykein mei in stand op de beurs fertsjintwurdige. De beurs is noch oant en mei snein. Sjoch foar alle iepeningstiden en ynformaasje oer tickets op www.wtcexpo.nl. It boek is it hiele wykein op de beurs te keap, en leit dêrnei yn de boekhannels.

Boarne: Omrop Fryslân

oktober 26, 2019 23:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.