Piter Dykstra: Taspraak 17 oktober 2019

oktober 22, 2019 12:05

Hjirûnder stiet de oersetting fan de taspraak dy’t Piter Dykstra út namme fan Sis Tsiis yn it Ingelsk hold by gelegenheid fan de protestmanifestaasje op 17 oktober 2019 foar it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Links Piter Dykstra

Ljouwert, 17 oktober 2019

Bêste leden fan it Komitee fan Eksperts fan de Ried fan Europa,

Ut namme fan de BoargerAksjegroep Sis Tsiis kin ik jimme in map mei in oantal dokuminten oerlangje. Dêryn sprekke wy ús grutte noed út oer de slim ûnfoldwaande ymplemintaasje troch it regear fan it Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. Boppedat jouwe wy dêr in tal oanbefellingen by oer wat der barre moat.

De ferplichting foar Frysk yn it ûnderwiis leit by wet fêst sûnt 1980. Op syn minst trijekwart fan ús skoallen foldocht noch net oan it Hânfêst en de Nederlânske wetjouwing datoangeande.

Wy hawwe ûnder mear protestmarsen en demonstraasjes organiseare. Wy meitsje ek ús opwachting by (soms feestlike) oangelegenheden dêr’t ús oerheden benammen opbakte lucht ferkeapje oangeande it taal- en kultuerbelied dat se neistribje. Wy en oaren hawwe harren hieltyd wer witte litten dat de praktyk nei hast fjirtich jier noch fier ûnder de mjitte is.

Koartlyn waard it sechsde rapport fan it lânsgear oer de ymplemintaasje fan dat Hânfêst nei de Ried fan Europa stjoerd. It suggerearret dat der de lêste tiid wichtige positive ûntjouwingen west hawwe op it mêd fan ús taal en ús kultuer.

Spitigernôch is de praktyk folslein oars. De rol fan de provinsje mei syn ‘taalskipper’ wurdt bot ûnderstek dien troch it jaan meien fan frijstellingen fan it Frysk as skoallen net oan it Hânfêst of oan Nederlânske wetjouwing foldogge. En as in skoalle net om in ûntheffing frege hat en in bytsje oan it Frysk docht, hoecht dy him net bang te meitsjen. Ek net fan de ûnderwiisynspeksje.

In klacht fan de Feriening Frysk Underwiis yn 2014 by de Underwiisynspeksje oer it net ûnderwizen yn it fak Frysk troch it Tjalling Koopmans College (fuortset ûnderwiis) yn Hurdegaryp late net ta yntervinsje. It negative advys fan de ynspeksje dêroer kaam pas nei mear as fiif jier, in pear wiken lyn! It iennige dat de skoalle oant no ta die, wie it besykjen om foar te kommen dat it ynspeksjerapport iepenbier makke waard. Dy saak is yllustratyf foar de hjoeddeistige situaasje fan it Frysk taalûnderwiis.

Wy hawwe ek ús betinken oer de gong fan saken oangeande jim besite. De geheimhâlding dêrom hinne liket ús yn striid te wêzen mei de kontrolearende rol fan it Komitee fan Eksperts. It liket ús dat in ynstelling ûnôfhinklik fan de provinsje better yn steat is om alle belutsen organisaasjes de kâns te jaan harsels te uterjen. Dat is no hielendal net it gefal. De hjoeddeistige konstruksje is te ferlykjen mei in slachter dy’t syn eigen fleis keurt.

De ynformaasjebeheining fan it regear stiet net op himsels. Bygelyks, op 1 april waard it kurrikulumprojekt kurrikulum.frl stillein. Dat wie de Fryske tsjinhinger fan it ‘lanlik’ kurrikulum.nu, dat ferline wike in opset presinteare foar in nij kurrikulum foar oare fakken en leargebieten. Foar in part rint dêrtroch de yntegraasje fan it Frysk yn oare fakken in grut risiko.

By einsluten hawwe wy noed oer de praktyk fan it Frysk yn de administraasje fan Justysje. Dêr binne aloan ynsidinten oer te melden. Bygelyks, de net-profesjonele oplossing foarige moanne troch it Hof fan Noard-Nederlân oangeande in tolk yn de saak Jenny Douwes, dy’t ek lanlike oandacht krige. It feit dat de rjochter de fertochte oan it begjin fan de rjochtssaak frege om ôf te sjen fan har rjocht om har (Fryske) memmetaal te brûken, toant in tekoart oan respekt foar de rjochten fan de fertochte en har taal en úteinlik ek net folle respekt foar de wet en foar de letter en de geast fan it Hânfêst.

En der is folle mear te melden. De eigentlike ynfiering fan it Frysk yn ús maatskippij giet fierstente stadich. En wat bart is net effektyf. Dat wurdt somtiden oantsjut as in stadige (taal)genoside. Soks moat hastich út wêze yn ús globalisearjende en meartalige wrâld mei al syn bedrigingen foar de lytse talen.

Heechachte kommisje, wy hoopje dat wy mei ús ynformaasje bydrage kinne oan in lykwichtich beoardieljen fan de ymplemintaasje fan it Hânfêst troch de nasjonale en provinsjale autoriteiten en wy hoopje op in rappe reaksje en aksje.

Tige tank foar jim oandacht en geduld!

Ut namme fan de BoargerAksjegroep Sis Tsiis, Piter Dykstra

oktober 22, 2019 12:05
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jordi oktober 23, 17:39

    Tige goeie taspraak, Piter. No moat it Komitee soks ûndersykje en de minskerjochtenskeiningen fan de Haachske reginten iepenlik feoardielje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.