Piter de Groot nei lanlike dei foar berneboargemasters

oktober 3, 2019 08:52

Foto: Gemeente Waadhoeke

Wylst eltsenien noch yn djippe rêst wie, wie berneboargemaster fan Waadhoeke, Piter Murk de Groot, ôfrûne sneontemoarn om 7.30 oere al op wei nei Maarssen. Hy waard nammentlik om healwei tsienen ferwachte op de lanlike dei fan berneboargemasters, om dêr mei alle berneboargemasters fan Nederlân, in hiele dei mei-inoar te praten oer ferskate ûnderwerpen.

Nei de ûntfangst troch de berneboargemaster en boargemaster fan gastgemeente Stichtse Vecht, gongen alle berneboargemasters earst mei-inoar op de foto. Nei de bordessêne waarden alle berne-ambtskettings beskikber steld foar in pop-uptentoanstelling yn it Vechtstreek Museum, wêrnei’t de bern nei ferskate workshops giene.

Foto: Gemeente Waadhoeke

Yn de earste workshop waard de fraach steld ‘Hoe kin ik myn stim hearre litte en wat haw ik dêr as berneboargemaster foar nedich?’ Dêrnei gie de hiele ploech nei bûten foar in aktive workshop mei dêroan keppele de fraach: ‘Wat hawwe bern nedich om bûtendoar te boartsjen?’ De bern diene har sichtber tegoed oan de lunsj dy’t ûnder in boattocht oer de Vecht servearre waard. Dêrnei stie de lêste workshop op it programma mei as ûnderwerp: ‘Ferskaat, eltsenien docht mei!’

De bern diene moai mei oan de diskusjes. De antwurden fan de berneboargemasters waarden de hiele dei lâns sammele en byinoar brocht op in grutte ‘tekening’. As lêste ûndertekenen fertsjintwurdigers fan ferskate lanlike organisaasjes de hântrekken om bernepartisipaasje te stimulearjen en de berneboargemasters it manifest ‘We doen het samen’.

oktober 3, 2019 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.