Oar bermbehear foar ynsekten yn Súdwest-Fryslân

oktober 5, 2019 09:00

Súdwest-Fryslân wol de kommende jierren de omstannichheden fan bijen, flinters en oare ynsekten ferbetterje troch de bermen op in oare wize te behearen. Ynsekten moatte har sa ûnbeheind ferpleatse en útwreidzje kinne tusken ferskate natuergebieten, stêden en doarpen. Oanlieding is it sterke tebekrinnen fan de ynsekten yn Nederlân, 75% yn de ôfrûne 30 jier. De oanpak stiet omskreaun yn it advysrapport Insectennetwerk Súdwest-Fryslân en kin as foarbyld brûkt wurde foar oare Fryske gemeenten en foar in provinsjaal aksjeplan.

Foto: Súdwest-Fryslân

Ynventarisaasje
Alle gebieten yn Súdwest-Fryslân dy’t ryk binne oan ynsekten, binne yn kaart brocht. It giet dêrby net allinne om natuerterreinen dy’t yn behear binne by natuerorganisaasjes, mar ek om dy fan agraryske natuerferienings en dy yn stêden en doarpen. Doe binne alle gemeentlike bermen – 1.400 km yn totaal – beoardiele op geskiktens foar ynsekten en foar it tsjinjen as ferbining tusken dy terreinen. Sa skoare brede bermen heger as smelle bermen. Oare aspekten dêr’t nei sjoen is: grûnsoart, ferkearsdrokte, rekreative wearde en de oanwêzichheid fan beplanting en tunen foar iten en mooglikheden om te skûljen. Op grûn fan dy beoardieling is in kânsekaart makke.

Meane yn fazen
Op dit stuit wurdt 44% fan de bermen yn Súdwest-Fryslân ekologysk beheard. Dat hâldt yn dat yn fazen meand en ôffierd wurdt. Troch it meanguod ôf te fieren wurdt de grûn stadichoan earmer oan iten. Op sokke grûn dogge in soad lânseigene bloeiende planten it better en is de konkurrinsje fan gers minder. Fan belang by it meanen is om in part stean te litten. It gers dat net meand is biedt dekking, iten en in fuortplantingshabitat foar flinters, bijen en oare bisten en jout krûden de kâns om langer te bloeien en sied te setten. De oare bermen wurde bingele, wêrby’t it meanguod lizzen bliuwt. Dy metoade is in stik foardieliger mar biedt minder kânsen foar bloeiende krûden en ynsekten.

Ekstra jild
Doel is om op syn minst 64% ekologysk te behearen. Dêrfoar is jierliks minimaal € 200.000,- ekstra nedich. De gemeente wol dat bedrach yn fazen beskikber stelle (yngroeimodel).

oktober 5, 2019 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.