Nuon makket ek yn Fryslân plak foar Vattenfall

oktober 10, 2019 10:13

It merk Nuon is sûnt twa dagen, nei presys 26 jier, definityf út Nederlân ferdwûn. Ferline jier makke nutsbedriuw Nuon buorkundich dat syn namme stadichoan feroarje soe yn dat fan memmebedriuw Vattenfall – al tsien jier eigner fan Nuon. Klanten yn Fryslân koene it ôfrûne jier al wenne oan it idee en hawwe no ek kontakt mei Vattenfall.

Foto: Vattenfall/Jorrit Lousberg

Fossylfrij leverje binnen ien generaasje
Vattenfall – dat ‘wetterfal’ betsjut – is in Sweedsk enerzjybedriuw, dat al mear as hûndert jier bestiet en ûnderwilens troch hiel Noardwest-Fryslân aktyf is. Vattenfall hat himsels as doel steld om fossylfrij libjen mooglik te meitsjen binnen ien generaasje. Om’t dat om in grinskrusende oanpak freget, is derfoar keazen om Nuon mei Vattenfall yn ien namme te ferienjen.

Untwikkelingen yn Fryslân
As Nuon, en no as Vattenfall, is it bedriuw al jierren dwaande mei it tawurkjen nei in fossylfrij libben. Yn Fryslân ûntwikkelet Vattenfall yn ’e mande mei Wynpark Goaium-Hou it nije wynpak ‘Nij Hiddum-Hou’. It nije wynpark ferfangt it hjoeddeiske wynpark yn dat gebiet. De nije wynturbines hawwe in opsteld fermogen fan 42 mW. Vattenfall is boppedat enerzjypartner fan Thialf – de partijen wurkje gear om fan Thialf in sintraal plak foar griene stroom te meitsjen. It iisstadion sil yn ’e takomt enerzjy leverje foar festivals en oare eveneminten.

oktober 10, 2019 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.