Noflik ‘Kom & Sjong’ op Schylgeralân

oktober 10, 2019 09:16

Ferslach

Op de iennige folkshegeskoalle dy ’t der yn Nederlân noch is, Schylgeralân, is yn it wykein fan 4 oant 6 oktober foar de 29e kear “Kom & Sjong” holden. In sjongwykein, in unyk barren, doedestiids yn gong set troch Koop Scholten en Atse Reidinga, mei as muzikale lieding Hindrik van der Meer. Atse hat it net mear mei meitsje mochten, hy is yn 2000 ferstoan, mar Hindrik en Beitske wienen as spesjale gast oanwêzich.

De muzikale lieding is no al wer in tal jierren yn hannen fan Claartje van Dokkum en Jelma Wiegersma en dy joegen Hindrik alle romte om wer mei te dwaan. It wykein is bedoeld foar minsken, dy’t fan sjongen hâlde en dan hoege jo net perfoarst in topper te wêzen. In elts is wolkom. De lange steat fan tsjinst fan dit wykein jout wol oan dat dit sjongwykein in sukses is. Der is gjin oare kursus te neamen dy’t salang, elts jier op ‘e nij, in folle bak lûkt. Is men ien kear west, dan is de praktyk dat men graach wer komt. De sfear is dan ek sa dat nijelingen har fuort thús fiele. Dat hat te meitsjen mei sawol de organisaasje as de muzikale lieding.

Nei in treflik miel op freed begjint it sjongfeest. Nei it offisjele sjongen giet it faak noch troch oant yn de lette oerkes. Dat net elts hat de oare moarns fuort de goede toanhichte. Moarns is it sjongen, nije lieten ynstudearje, mar der is ek romte foar bekend repertoire. Middeis kin elts op eigen manneboet it eilân ferkenne en dan sjonge wy nei it iten earst wer mei-inoar. Nei it kofjeskoft is der it “iepen poadium”. Elts dy’t dêr nocht oan hat kin in bydrage leverje. Dat kin in gedicht wêze, in ferhaaltsje of in klassyk duet, sa as de lêste kearen. Kreativelingen genôch.

Kom & Sjong 2019. Foto Geart Bos

Noflik byinoar wêze en inoar moetsje, dat wie in wichtich tema by it oprjochtsjen fan de folkshegeskoalle en dêr foldocht dit wykein noch folslein oan. Op snein wurdt der noch op nije lieten oefene en de middei wurdt brûkt om folút alles nochris nei te rinnen. En nei it teeskoft is it al wer tiid om nei de boat te gean. Mar net foardat der út folle boarst songen is “Far wol, ‘k moat dy ferlitte, al sil ik dy ek nea ferjitte”. Dat it sa’n noflik barren is, is ek mei te tankjen oan de geweldige fersoarging op de folkshegeskoalle. Mei in “Oan’t takomme jier” wurdt der ôfskie faninoar nommen.

Tine Douma-Foppema

oktober 10, 2019 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.