Nije ûntjouwingen Frysk Damjen geane troch

oktober 24, 2019 08:14

Rekôr tal dielnimmers nasjonaal kampioenskip Tsjechië FRYSK!

Foto: www.easterein.nl

Op 16 oktober lêstlyn is wer it nasjonaal kampioenskip fan Tsjechië FRYSK! holden. It is wûn troch Petra Dušková, dy’t har al moai wat jierren op it Frysk Damjen ta leit. It kampioenskip wie ûnderdiel fan it festival ‘Deskohraní’, in Middeneuropeesk Tinksportfestival, dat fan 12 oant en mei 20 oktober holden is te Praach, mei û.o. Tsjechysk Damjen (10 dielnimmers), Ynternasjonaal (‘Hollânsk’) Damjen (14 dielnimmers), FRYSK! (12 dielnimmers) en Ingelsk Damjen (‘Checkers’) (6 dielnimmers).
FRYSK! is de spesjale ynstapfariant fan Frysk Damjen mei fiif skiven de spiler, bedoeld om de drompel leger te meitsjen. Dat slacht goed oan, docht bliken. It tal fan 12 dielnimmers wie in rekôr, en lei sels heger as it tal dielnimmers oan it Tsjechysk damjen. Opmerklik wie dat der ek trije dielnimmers út ’e Oekraïne wiene.
Petra Dušková waard mei oermacht kampioen. Se hat dêrmei in plak fertsjinne op it Fyfde Wrâldkampioenskip FRYSK! te Frjentsjer op 8 maart 2020.

Folsleine einstân
1 Petra Dušková, Tsjechië 21 punten
2 Václav Křišta, Tsjechië 16
3 Yehor Maksymov, Oekraïne 14
4 Lumír Gatnar, Tsjechië 13
5 Pavel Noga, Tsjechië 12
6 Jiří Bauma, Tsjechië 12
7 Martin Plesnivý, Tsjechië 11
8 Olha Maksymova, Oekraïne 10
9 Valeriy Grebenkin, Oekraïne 9
10 Hana Kotinová, Tsjechië 7
11 Ondřej Sikora, Tsjechië 6
12 Vladimír Kotin, Tsjechië 1 punt

Mear ynformaasje is te finen op www.damweb.cz/2019/deskohrani_2019_dama_vysledky.pdf.

It folgjende toernoai Frysk Damjen yn Tsjechië is op ’en nij in nasjonaal Tsjechysk kampioenskip, mar dan op it folle boerd (alle spilers 20 skiven) op 9 en 10 novimber oansteande.

Earste toernoai Frysk Damjen op ynternet goed slagge
Op sneintejûn 21 oktober wie der in primeur: it earste offisjele toernoai Frysk Damjen op ynternet om prizen. Dat wie op www.lidraughts.org.
De winsk om de ûnderskate spilers op ’e hiele wrâld in kear firtueel yn in toernoai byinoar te bringen bestie al hiel lang. Op dy wize kinne spilers wrâldwiid de krêften mei-inoar mjitte, sûnder dêr lange reizen foar meitsje te moatten. Benammen foar lytsere sporten lykas it Frysk Damjen is dat ideaal. Utsoarte bliuwe de wichtichste toernoaien de offisjele kampioenskippen en oare wedstriden fan it Dambûn en syn oansletten organisaasjes, mar de nije ûntjouwing makket it ek foar spilers yn it bûtenlân mooglik om har dêrop ta te rieden en dêr yn ’e takomst oan mei te dwaan.
Foar it firtueel toernoai hiene har 39 minsken opjûn; doe’t it safier wie hawwe 30 fan harren meispile. In digitaal toernoai ferrint wat oars as in toernoai yn ’e seal. It tal te spyljen partijen leit net fêst. Sadree’t in partij dien is, siket de kompjûter in nije tsjinstanner. Men hoecht dus net te wachtsjen oant in omloop dien is. Efkes skoft nimme, earder ophâlde of letter begjinne kin ek. Fierders binne boanuspunten te fertsjinjen troch trije partijen of mear efterinoar te winnen. Noch in nijsgjirrich aspekt: men wit net altyd wa’t jins tsjinstanner is, omdat minsken har soms mei in by- of skûlnamme opjouwe. Mar by de (firtuele) priisútrikking komt soks fansels wol oan ’t ljocht.

Yn dit toernoai waard Marten Walinga út Waaksens oertsjûgjend earste mei 38 punten út 16 partijen. Twadde wie in ûnbekende spiler mei 33 út 15. Dêrnei kamen Dicky van der Meer (Terherne) mei 30 út 18, Elia Cantatore (Aosta, Italië) mei 27 út 17 en Andrea Peirano (ek út Aosta, 11 jier!) mei 27 út 15, dan wer in ûnbekende spiler mei 26 út 14 en de Belgyske Renaud Braye (Luik) mei 26 út 15. Hiel knap wie ek de prestaasje fan Harmen Jacob Postma út Waaksens mei 18 út 17. Hy liet dêrmei ferskate ynternasjonale spilers efter him!
Alles mei-inoar hawwe der minsken meidien út Nederlân, België, Italië, Súd-Afrika, Ruslân, Amearika en mooglik út noch mear lannen of kontininten. Dit toernoai wie it earste yn in rige fan fiif: de winner fan de hiele rige mei dielnimme oan it Fyfde Offisjele Wrâldkampioenskip FRYSK! op 8 maart 2020 yn Frjentsjer.

De folsleine útslach is te finen op lidraughts.org/tournament/I0eWGCzP.
De details oer dit toernoai en de hiele rige is te finen op lidraughts.org/blog/XaM6HxAAACEApabm/earn-a-ticket-for-the-world-championship-frysk-2020-ennl.

Ynternasjonaal toernoai basisskoallen
Tongersdei 28 novimber 2019 is der wer in ynternasjonaal toernoai FRYSK! foar basisskoallen yn Fryslân en fier dêrbûten. It wurdt holden fan 13.00 oant 16.30 oere yn hotel Duhoux te Wurdum. It team út Aosta ûnder lieding fan Paolo Faleo, dat de lêste pear kear de priis wûn, hat him al wer opjûn.
Der wurdt dit jier foar it earst damme yn twa klassen. It toernoai stiet iepen foar teams fan 3 oant 6 spilers fan basisskoallen. Neiere gegevens folgje mei de tiid.

Foar mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei Liuwe Westra 06-30837586 en Marten Walinga 06-34561133.
oktober 24, 2019 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.