Nei ús de sûndfloed

oktober 4, 2019 08:48

Hat Nederlân oer in iuw noch wol deselde kustline as no? Wêrom fersette lokale fiskers yn Jakarta harren tsjin de oanlis fan de seedyk dy’t de metropoal beskermje moat? Wat bart der mei de befolking as in lân lykas Kiribati folslein driget te ferdwinen? Hoe losse se it yn Miami op, no’t mei heechtij it sâlte seewetter al troch de strjitten streamt? En hoe gean wy de kommende desennia om mei de miljoenen klimaatflechtlingen?

Kadir van Lohuizen fotografearret de ravaazje nei de orkaan Michael op Mexico Beach (foto: NTR)

Yn de nije fjouwerdielige dokumintêresearje Na ons de zondvloed besitet renommearre fotosjoernalist Kadir van Lohuizen leechleine gebieten dêr’t it waaksende wetter in urgint probleem is. Fan Bangladesh oant New York. Fan Jakarta oant Skylge en fan de Marshall Eilannen oant Miami. Stêden en streken dêr’t de stiigjende seespegel in deistige realiteit is. Kadir moete minsken dy’t soms it lot yn eigen hannen nimme fanwege in oerheid dy’t it ôfwitte lit. Wat binne harren eangsten, wat binne harren foarútsichten?

It resultaat is in fjouwerdielige searje dêr’t op in tagonklike en prikeljende wize in konfrontearjend byld fan in heine takomst yn sketst wurdt.

Rezjy: Martijn Blekendaal
Produsint: Witfilm, ûnder einredaksje fan de NTR

Utstjoering: sneins fan 20 oktober o/m 10 novimber, om 20.15 oere by de NTR op NPO 2

oktober 4, 2019 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.