Nederlânske jongelju wrâldwiid loyaalst oan wurkjouwer
Resint ferskynd
Nederlânske jongelju blike wrâlds loyaalste wurknimmers. Neffens jonge minsken yn oare lannen, bliuwe milennials yn Nederlân yn trochsneed goed twa kear sa lang by in wurkjouwer foar’t se nei in oar bedriuw oerstappe. Dat docht bliken út ûndersyk fan tsjinstferliener CVster, dat goed hûnderttûzen cv’s út 39 lannen analysearre.
Nederlânske jongelju binne bysûnder loyaal
Yn trochsneed wurkje jonge wurknimmers yn Nederlân 2,5 jier by in bedriuw. Wrâldwiid leit it trochsneed mei ‘mar’ 1,21 jier de wurkjouwer gâns leger. Neist Nederlanners blike ek jongelju út België (twa jier), Sweden (1,89 jier) en Denemarken (1,79 jier) loyaler te wêzen as yn trochsneed oan harren wurkjouwer. Jonge minsken út Maleizië (0,86 jier), Yndonezië (0,88 jier) en Hong Kong (0,88 jier) blike dêr foaroer de grutste ‘jobhoppers’ te wêzen. Hja bliuwe gemiddeld sa’n tsien moanne by in wurkjouwer.
Net folle referinsjes op Nederlânske cv
Nederlân stiet yn de top 3 fan lannen dêr’t yn trochsneed it leechste tal referinsjes neamd wurdt troch jongelju. Op it cv fan in jonge Nederlânske wurknimmer wurdt gemiddeld nammentlik 0,18 referinsje neamd. Dat tal lei 48,3% ûnder it wrâldwide trochsneed oantal fan 0,35.
Dochs binne it net Nederlânske jongelju dy’t it meast weromhâldend binne yn it fermelden fan referinsjes. It opjaan fan in kontaktpersoan is nammentlik noch ympopulêrder ûnder Belgyske wurksikers. Jongelju fermelde dêr yn trochsneed 0,15 referinsje op harren cv. Yn Poalen (0,16) dogge se dat krekt wat minder faak as yn Nederlân.
It faakst wurde referinsjes op it cv dêrfoaroer fermeld troch sollisitanten út Kenia. Op in trochsneed Keniaansk cv stiet nammentlik 0,77 referinsje fermeld en dat is goed 2,2 kear sa folle as wrâldwiid gemiddeld.
Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje