Nederlânsk Blazers Ensemble spilet ‘The Unknown Chaplin’

oktober 23, 2019 08:56

Ofbylding: NBE

Fan tongersdei 21 novimber ôf spilet it Nederlânsk Blazers Ensemble (NBE) The Unknown Chaplin. De earste toernee – fan 21 oant en mei 30 novimber – fiert lâns sealen yn Amsterdam, Dordrecht, Grins, Kerkrade, Utert, Haarlim en Nimwegen. In twadde toernee folget yn maart 2020. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Seis hilaryske, kolderike en mankelike stomme films fan it grutte universele sjeny Charlie Chaplin. Films dy’t it, krekt as yn dy tiid wenst wie, sûnder muzyk dwaan moasten. Dêrom hat it NBE fjouwer komponisten frege om nije muzyk te komponearjen dy’t naadleas de films begeliede en stypje: Oene van Geel, Micha Hamel, Reza Namavar en Julian Schneemann. In autentike en hjoeddeiske ynfolling fan wichtich erfgoed út de filmskiednis, in oade oan Chaplin’s keunstnerskip.

Foto: NBE

It NBE wurket gear mei Elif Rongen-Kaynakçi, kurator stille film fan Eye Filmmuseum Amsterdam en de Cineteca di Bologna, dy’t de films restaurearre hat. De fjouwer komponisten binne keazen om harren ferskillende kwaliteiten. Hja tinke eklektysk, elk op eigen orizjinele wize. Oene van Geel hat woartels yn de jazz, Reza Nemavar sawol yn Bach as yn de revolúsjonêre avantgarde. Micha Hamel is, miskien wol it meast fan de fjouwer, de echte filmkomponist. Julian Schneemann hat in hiel eigen styl ûntwikkele en lit him ynspirearje troch muzyk fan oer de hiele wrâld. Neist de slapstick en de wille hat it programma ek in earnstige laach, lykas by Chaplin ek altyd oanwêzich.

As kontrast mei de nij komponearre filmmuzyk spilet it NBE it meast kontimplative wurk dat Philip Glass skreau foar de film: Mishima, a Life in Four Chapters.

Komposysje: Philip Glass, Oene van Geel, Micha Hamel, Reza Namavar, Julian Schneemann
Film: Charlie Chaplin

oktober 23, 2019 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.