Nederlanner op cv foaral sportyf en net botte kreatyf

oktober 30, 2019 14:23

Nederlânske sollisitanten lizze by it finen fan in nije baan foaral de klam op harren sportiviteit. Dy konklúzje lûkt cv-tool CVster, dat de hobbys op goed 600.000 cv’s út 41 lannen analysearre. Op in Nederlânsk cv wurde yn ferhâlding in soad sportive aktiviteiten neamd en mar in bytsje kreative hobbys.

Fuotbal favorite hobby op cv
De hobbys op in cv kinne in byld jaan fan de persoan efter de sollisitaasjebrief. Nederlanners neame fuotbal it meast as hobby op harren cv. Oare hobbys dy’t faak neamd wurde binne ‘fitness’ (5), ‘sporten’ (6), ‘kuierjen’ (7), ‘hurdrinnen (8) en ‘swimmen’ (9). Fierder wurde ek ‘lêzen’ (2), ‘reizgjen’ (3) en ‘itensieden’ (4) faak as favorite beuzichheid neamd op in cv.

Kreative hobbys falle bûten de top 10. Dat is opfallend, want út earder ûndersyk fan CVster, nei klisjees op it cv, docht bliken dat Nederlanners har op harren cv boppegemiddeld faak omskriuwe as  ‘kreatyf’. In kreative hobby as fotografy wurdt lykwols wol faak neamd yn Italië (3), de Feriene Steaten (3), Switserlân (4) en it Feriene Keninkryk (4).

Nederlanners relatyf in bytsje hobbys
Ut it ûndersyk docht bliken dat Nederlanners yn ferhâlding mar in bytsje hobbys op harren cv sette. Op in gemiddeld Nederlânsk cv dêr’t hobbys op neamd wurde, komt it oantal nammentlik del op 1,57. Dat is 10% minder as it wrâldwide gemiddelde (1,74 hobbys it cv). Nederlân stiet dêrmei yn de ûnderste regioanen, al neame Belgen (1,42 hobbys) noch minder hobbys op harren cv.

Sjoch it ûndersyksoersjoch fan CVster.

 

oktober 30, 2019 14:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.