NASA wol begjin takom jier earste bemanne SpaceX-misje

oktober 28, 2019 08:33

De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA wol begjin takom jier de earste bemanne SpaceX-misje de romte yn stjoere. Romtereau Crew Dragon moat it earste fearnsjier fan 2020 lansearre wurde, “op betingst dat alles goed ferrint by de kommende testen”, sei NASA-topman Jim Bridenstine.

It ISS (foto: Wikipedia/NASA)

NASA betellet SpaceX en Boeing inkelde miljarden foar it bouwen fan raket- en kapsulesystemen om astronauten foar it earst sûnt 2011, doe’t it Space Shuttle-programma einige, fan Amearika nei romtestasjon ISS te lansearjen.

SpaceX besiket de Crew Dragon op tiid ree te hawwen. It bedriuwen brocht noch nea minsken de romte yn. Yn maart waard de Crew Dragon súksesfol lansearre en keppele oan romtestasjon ISS. De kapsule wie doe net bemanne.

oktober 28, 2019 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.