Muzykkeamer-konserten yn Noardburgum

oktober 22, 2019 12:59

Op inisjatyf fan de Muzykkeamer yn Noardburgum is dêr alle moannen in sneintemiddeiskonsert. Alle kearen spylje Gerard Nijborg en Frank Hoogcarspel, de inisjatyfnimmers sels, én jouwe se it poadium oan gastmusisy. Op snein 27 oktober is dat it duo Hansl. Dat sjongt Dútske en Jiddyske lietsjes.

Hansl

De konserten begjinne om 15.00 oere en duorje oant likernôch 17.00 à 17.30 oere. De doarren geane iepen om healwei trijen. Dan stiet de kofje of wat oars klear. Yn it skoft is der in gleske wyn. Alles ferrint yn in ynformele sfear. Om wis fan plak te wêzen is it wol nedich dat de harkers har foarôf oanmelde: 06-26923194 / 058-2125606. Der is plak fan sa’n fjirtich minsken.

De Muzykkeamer is te finen oan it Tjerkepaed 28, 9257 WH te Noardburgum. Foar mear ynformaasje sjoch www.muzikamer.nl.

oktober 22, 2019 12:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.