Moetings- en Ynspiraasjemiddei Frysk Boun om Utens

oktober 9, 2019 09:09

Sneon 16 novimber 2019 stean de doarren fan it Multyfunksjoneel Sintrum “de Kiekmure” yn Hurderwyk wer iepen foar Friezen om Utens. Inoar moetsje en ynspirearje en net allinnich mar weromsjen, mar fansels ek mei in each nei de takomst. It tema: Op nei 2023 en dêrnei – de 100 jier foarby en LF2018 en fierder.

Mei twa ynlieders wurdt men ynspirearre:

Klaas Sietse Spoelstra (foto: FBoU)

Klaas Sietse Spoelstra wol mei ús mei-tinke oer hoe’t it Frysk Boun om Utens nije oanwaaks fine kin – entûsjast meitsje/wurde fan lju, dy’t fryske woartels en noch altyd in frysk hert hawwe. Spoelstra hat tasein dizze middei syn meiwurking te jaan ûnder de betingst dat de dielnimmers elk in net-lid meinimme!!

Oprop: elk dy’t nei de M- en Y-middei komt, nimt sa’n Fries om Utens, dy’t noch gjin lid is fan in krite mei nei dizze middei – leafst jonger as fyftich jier! – mear sokke Friezen om Utens binne fansels tige wolkom!

Lieuwe Krol (foto: FBoU)

Lieuwe Krol, haad Marketing en Kommunikaasje foar LF2018 en kertiermakker foar de Legacy LF2028 sil in ynlieding hâlde oer LF2018 / 2028.

Wat wiene de plannen eartiids, hoe binne de plannen útpakt, wat is der fan leard en wat giet de takomst bringen (2028) op it mêd fan de kultuer, kosten, planning en opbringsten.

It programma fan de middei:

12.30 oere – Wolkom en ynrin mei kofje en oranjekoeke
13.00 oere – Iepening fan de M- en Y-middei
13.10 oere – Sprekker fan foar it skoft
14.40 oere – presintsje sprekker
14.45 oere – Lyts skoft mei kofje/tee
15.15 oere – Ynlieding op de sprekker fan nei it skoft
15.20 oere – Sprekker fan nei it skoft
16.50 oere – presintsje sprekker
16.55 oere – Omfreegjen
17.10 oere – Sluten fan de M- en Y-middei

Tuskentroch sil der fêst gelegenheid wêze foar petear.

Der binne gjin kosten foar dizze middei. Wa’t mear konsumpsjes brûke wol: dy binne dochs wol foar eigen kosten…

Wa’t lykwols it jûns-programma fan de Krite “Meiinoar Ien” fan Hurderwyk e.o. meimeitsje wol – it toanielselskip fan Jobbegea spilet it stik ‘It deiboek fan Tinus Teckel’ – ek yn de Kiekmure – kin dêr oerbliuwe en in stamppot-buffet foar € 14,00 de man/frou krije.

Oanmelde by: skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl.

Wolle jimme foar 9 novimber oan de skriuwer fan it FBoU trochjaan of’t jim fan doel binne om te kommen nei de M- en Y-middei  – namme(n) en wêr komme jo/jimme wei der bysette. Jou ek oan of jimme oerbliuwe wolle en it stamppotbuffet brûke wolle – it jild gewoan meinimme.

oktober 9, 2019 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.