Minister Wiebes neamt risiko’s ekstra gaswinning “verwaarloosbaar”

oktober 6, 2019 19:16

Neffens minister fan ekonomyske saken Eric Wiebes is it prima te ferdigenjen dat der yn ferskate lytse gasfjilden yn Fryslân en Grinslân noch nei gas boarre wurdt. “Nederland heeft het nu eenmaal nodig”, is syn betinken. De risiko’s neamt er “verwaarloosbaar”.

Dat de risiko’s yn dy fjilden sa petiterich binne, hat neffens him te krijen mei de omfang fan de fjilden. As foarbyld fan in plak dêr’t noch gas út ‘e grûn helle wurde kin, neamt er Pieterzijl yn Grinslân. “Het Groningenveld was bij het ontstaan tienduizend keer zo groot als Pieterzijl”, seit de minister.

De gemeente Smellingerlân is koartlyn nei de rjochter stapt om gaswinningsplannen op te kearen. Neffens Wiebes is de benaudens foar de winning it gefolch fan te min foarljochting. It ministearje wol boargers en legere oerheden dêrom better ynformearje oer de foar- en neidielen fan gaswinning. “Dat is aan mij”, seit Wiebes.

oktober 6, 2019 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.