Máxima, de pleitbesoarger

oktober 2, 2019 07:44

Keninginne Máxima is tige populêr by it grutte publyk. Minder bekend is dat sy dit jier har tsienjierrich jubileum fiert as spesjale pleitbesoarger fan de sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes foar ynklusive finansiering foar ûntwikkeling (UNSGSA).

Dat betsjut dat se derfoar krewearret dat minsken oeral yn ’e wrâld tagong ta finansjele tsjinsten krije. It hawwen fan bygelyks in pinpas of in bankrekken om fia ynternet te beteljen is foar ús hiel gewoan, mar foar 1,7 miljard minsken, ûnder mear yn lannen as Etiopië en Pakistan, hielendal net fanselssprekkend. En dat jildt ek foar it tagong krijen ta fersekeringen, lieningen foar de opbou of útwreiding fan in bedriuw en pinsjoenen.

Produksjemaatskippij De Haaien en de NTR hawwe by hege útsûndering tastimming krigen om Keninginne Máxima in healjier lang te folgjen yn it wurk dat sy as spesjale pleitbesoarger docht. Fan hiel deunby is sjen wat de ynfloed fan it wurk fan de Keninginne is op it libben fan oaren, mar ek op dat fan harsels en hoe kompleks en yntinsyf de funksje fan in ‘spesjale pleitbesoarger’ is. Se is op ’e foet te folgjen yn wrâlden dêr’t men oars komselden komt. Dizze dokumintêre bringt it publyk op in hiele oare wize mei Keninginne Máxima yn ’e kunde komme.

Máxima, de pleitbezorger, in dokumintêre fan Simone de Vries, in produksje fan De Haaien ûnder einredaksje fan de NTR.

Utstjoering: woansdei 2 oktober, 20.30 oere, NPO 1.

oktober 2, 2019 07:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.