Manifestaasje Sis Tsiis op tongersdei 17 oktober

oktober 15, 2019 10:43

Doch mei oan ús manifestaasje op tongersdei 17 oktober 2019 om 15.00 oere! Foar it Provinsjehûs oan de Twibaksmerk 52 yn Ljouwert.

Foto: Sis Tsiis

Tongersdei 17 oktober 2019 is der in fisitaasje fan it Committee of Experts fan de Ried fan Europa nei oanlieding fan de lêste rapportaazje fan it ministearje fan Ynlânske Saken oan de Ried fan Europa oer de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen (ratifisearre yn 1996) op it mêd fan it Frysk.

–  As BoargerAksjegroep Sis Tsiis binne wy fan betinken dat dy rapportaazje al wer in fierstente moai byld jout  fan wat der wier oan de hân is mei it Frysk. It rapport stelt dat der allegearre positive ûntwikkelings binne, mar wy sjogge rûnom grutte misstannen lykas dy by it Koopmans Kolleezje yn Hurdegaryp. Trijekwart fan de skoallen hâldt him net oan de wet!
– De provinsje giet temûk om mei dy fisitaasje en dat stiet ús ek tige min oan. Wy binne bygelyks net frege om yn te sprekken of fan ús hearre te litten. Gâns oare organisaasje (lykas de Feriening Frysk Ûnderwiis) likemin. Allike stil wie de Fryske oerheid oer it op 1 april stilsetten fan it wurk oan in nij learplan foar it Frysk (kurrikulum.frl), wylst de Hollânske wjergader fan dat projekt fan ’e wike al mei in opset foar in nij kurrikulum kommen is foar de oare fakken of leargebieten.
– Wy fine ek noch grutte misstannen by de rjochtbank as it giet om it sûnder behinderings prate kinnen fan it Frysk. Dêr wurdt likemin hannele yn de geast fan it hânfêst.

Wy wolle it komitee oan de ein fan harren besite tasjonge mei in liet dat Grytsje Kingma foar dizze gelegenheid skreaun hat. Klik hjir foar de tekst. En in lûdsbestân om alfêst te oefenjen stiet op: www.sistsiis.frl/Sis_tsiis.wav.
– 15.00 oere: Gearkomme foar it Provinsjehûs en ynsjonge.
– 15.30: Manifestaasje mei spandoeken, struibrieven en sjongen.
– 16.00 oere: Moeting mei it Committee of Experts, tasjongen en oerlangjen fan mapkes mei bydragen oangeande ús noeden en oplossings.

Kom allegearre, lit fan jimme hearre en wy meitsje der mei-inoar in serieus, mar fleurich barren fan! Wat mear minsken oft meidogge wat better!!!
Wy stelle it ek tige op priis as jimme jim meidwaan oan ús manifestaasje efkes oan ús oer de e-post witte litte: sistsiis@hotmail.com.

BoargerAksjegroep Sis Tsiis

oktober 15, 2019 10:43
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Cor Jousma oktober 18, 12:21

    Wy kamen net mei ûnbidige trekkers, mar it omtinken wie der net minder om. Justermiddei hat Sis Tsiis de fraude Frysk by it Tjalling Koopmans college en de sloppe knibbels fan de ûnderwiisynspeksje by de Ried fan Europa dellein.

  2. Eddy oktober 18, 13:20

    Neat oer meikrigen yn ‘e presse…
    De “manifestaasje” wie der ek allinich mar om Jenny Douwes by te stean fansels…
    It frommes moat net sa eamelje. Sy hie better Nederlânsk prate kinnen yn ‘e rjochtsaak. Hja freget sels om problemen. Dat sy Frysk prate yn ‘e rjochtsaak wie ek allinich mar om de stumperkes fan de Fryske Beweging foar de karre te spannen. No, dy traapje dêr wol yn fansels. Eefkes op ‘e Fryske trommel slaan en wat ûnsin brabbelje. Sa’n kâns litte je net rinne.
    Wol in bytsje nuver dat Jenny Douwes no yn’t Nederlânsk oan it twitterjen is…..Och, je moatte der mar wat om gnize.

  3. Kerst Huisman oktober 19, 15:41

    Bêste Cor Jousma, Tank foar de oanfulling. Ik haw der sels net by west, fanwege oare ferplichtingen, mar ik fyn dat Sis Tsiis sa´n belegening as dy fan dy anonime ynternettrol ûnder dyn reaksje net fertsjinnet. Boppedat: wat wit dy klojo no fan de motivaasje fan Jenny Douwes ôf ?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.