Ljouwert prima stêd om klean meitsje te litten

oktober 1, 2019 08:48

Wa’t klean meitsje litte wol yn Ljouwert, hoecht dêr net fier te sykjen nei in kleanmakker. Dat docht bliken út ûndersyk fan ynternetwarehûs Beslist.nl nei oanlieding fan de Sire-kampanje ‘Wurdearje it, reparearje it’. Dêr wurde Nederlanners mei oproppen om stikken guod en klean faker te reparearjen of reparearje te litten. Fan alle grutte stêden yn Nederlân hawwe inkeld Arnhim en Amsterdam mear kleanmakkers.

Foto: pixabay.com

Ljouwert hat 8,3 kleanmakkers op 100.000 ynwenners
Op 100.000 ynwenners hat Ljouwert mei 8,3 kleanmakkers in grut tal fan dy beropsgroep binnen de stedsgrinzen. Inkeld yn Arnhim (13,3) en Amsterdam (9,6) binne yn trochsneed mear kleanmakkers fêstige. Wa’t op syk giet nei in kleanmakker yn Lelystêd hat folle minder kar. Dêr binne mar 2,6 kleanmakkers fêstige, omrekkene nei de dekking ûnder hûnderttûzen ynwenners.

Fryslân as provinsje docht it in stik minder goed. Mei 5,1 kleanmakkers de hûnderttûzen ynwenners stiet Fryslân hast ûnderoan. Inkeld yn Drinte binne yn trochsneed minder kleanmakkers te finen (4,3). De provinsje Noard-Hollân hat de measte kleanmakkers mei 7,7 op hûnderttûzen ynwenners.

In oersjoch mei de dekking fan kleanmakkers yn Nederlân is te finen op dizze ynfographic.

Nederlanners litte klean hieltyd faker meitsje
Mei tanksij de goed besjoene dokuminêres oer de negative ynfloed fan kleanproduksje op it miljeu, lykas The True Cost en Blue River, nimt it bewustwêzen oer de duorsumens fan klean en spikerbroeken ta. Neffens tsien jier lyn kieze Nederlanners der dan ek hieltyd faker foar om stikkene en skansearre klean reparearje te litten. It giet om in groei fan mar leafst 250 persint.

oktober 1, 2019 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.